Springe nei ynhâld

Bert Keizer

Ut Wikipedy
Bert Keizer, 2014

A. A. (Bert) Keizer (Amersfoart, 1947) is in Nederlânske arts, filosoof en skriuwer.

Nei de hbs-B studearre er filosofy in it Ingelske Nottingham (1969), mar kaam werom yn 1972 foar in stúdzje genêskunde yn Amsterdam. Yn 1981 die er artse-eksamen en wurke doe koarte tiid yn Kenia; dêrnei waard er ferpleechhûsarts yn Amsterdam.

Hy briek troch as skriuwer yn 1994 mei Het refrein is Hein, in iepenhertige beskriuwing fan libben en wurk yn in ferpleechhûs, mei dêryn ek stikken oer eutanasy en help by selsdeadzjen, dy't nochal wat opskuor joegen mar troch artsen as tige realistysk beoardiele waarden. Hy gie it skriuwen oer gefoelens fan pasjinten én dokters net út de wei. Neffens guonts hat Keizer in te pessimistyske kyk op sin en ûnsin yn de sûnenssoarch en de genêskunde. Syn stikjes oer it ferpleechhûs, dêr't in protte lijen is en de dea nea fier ôf, waarden him net altyd yn tank ôfnommen. Yn 2004 waard Keizer in skoftke op non-aktyf set, om't it syn wurkjouwer net útkaam dat er oer beskate mistannen publisearre, mistannen dy't nammers foar de measte ferpleechhûzen jilde of jild hawwe.

Bert Keizer skriuwt in kollum yn it artseblêd Medysk Kontakt mei de titel Zonder handschoenen en hat eltse wyke in kollum yn it deiblêd Trouw.