Bernheze
Bernheze | |||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Bernheze is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân en leit foar in part yn 'e Meierij fan 'e Bosk en foar in part yn 'e Peel. De gemeente hat 32.596 (1 jannewaris 2024) ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente is yn 1994 stifte nei in fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Heesch, Nistelrode en Heeswijk-Dinther yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling. De gemeente krige ynearsten de namme fan it grutste plak, Heesch. Yn 1995 waard de gemeente omdoopt ta Bernheze.
De gemeente is neamd nei in pleats mei de namme "Bernhese", dy't yn 1196 oan 'e Abdij fan Bern skonken waard. Dy abdij stie yn 'e midsiuwen yn 'e buert fan 'e buorskip Bern. De gemeente is dêrom yndirekt nei dit gehucht neamd. De betsjutting fan "Bernhese" is twafâldich: Bern stiet foar it Nederlânske wurd born, itjinge boarne of wetter betsjut. Hese stiet foar bosk. Bernheze betsjut dêrfandinne letterlik 'wetter en bosk'. Yn 1857 waard in nije abdij mei dy namme stifte, mar no yn Heeswijk.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Bernheze hat seis offisjele kearnen. Yn 2011 waard de sechde kearn, it doarp Munnekens-Vinkel, dat yn 'e statistiken opnommen is as Vinkel:
- Heesch (haadplak)
- Heeswijk-Dinther
- Loosbroek
- Nistelrode
- Vinkel
- Vorstenbosch
Buorskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beugt, Berkt, Bus, Dintherse Hoek, Donzel, Fokkershoek, Hazelberg, Hommelse Hoeven, Hooge Wijst, Kantje, Lage Wijst, Loo, Menzel, Munnekens-Vinkel, Rukven, Zevenbergen, Zoggel.
Natoergebieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Maashorst is mei in oerflak fan sa'n 3.500 hektare it grutste oanienskeakele natoergebiet fan Noard-Brabân. It bestiet út bosk, heidefjilden, stodunen en dobben. It is bekend om unike geologyske ferskynsels lykas de Peelrânebreuk. Dy breuk soarget der foar dat it wetter net nei ûnder sakket, mar nei hegere gebieten streamt en dêr oan 'e oerflakte komt. Dat bart om't de ûndergrûn it wetter oan 'e iene kant fan 'e breuk net trochlit, wylst dat oan 'e oare kant krekt wols sa is. It resultaat is in unyk mingsel fan planten en bisten, dy't goed tsjin wiete grûn kinne.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 12e-iuwske kastiel Heeswijk is ien fan 'e meast bysûndere histoaryske plakken yn 'e gemeente. Nei in restauraasje is it kastiel wer iepen foar besikers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |