Bernhard Baier
Bernhard Baier | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bernhard Baier | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 12 augustus 1912 | |
berteplak | Hannover | |
stjerdatum | 26 april 2003 | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Wetterpolo | |
O.S. | Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() |
Bernhard Baier (Hannover, 12 augustus 1912 - Dêre, 26 april 2003) wie in Dútsk wetterpoloër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy wûn yn Berlyn de sulveren medalje.
Baier studearre rjochten en spyle wetterpolo by Wasserfreunden Hannover. Hy spile op de Olympyske Spullen yn Berlyn seis wedstriden ynklusyf de finale mei it Dútske team. Hy waard ek twadde op de Europeeske kampioenskippen fan 1938 mei it Dútske team.
Bernhard Baier boaske yn 1940 mei turnster Trudi Meyer.
Nei de Twadde Wrâldkriich gie er yn de polityk. En wie er foarsitter fan de Dútske swimfederaasje fan 1950 oant 1960. De ûnôfhinklike abbekaat wie fise-presidint fan 1961 oant 1965 en presidint fan it regierungsbezirk Hannover fan 1973 oant 1977. Fan july 1978 oant augustus 1982 wie er steatssekretaris by it ministearje fan Ynlânske Saken fan Nedersaksen.
Bernhard Baier ferstoar op 26 april 2003, yn 'e âldens fan 90 jier, hy wie doe al fjouwer jier widner.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|