Bernard Fokke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Bernard Fokke (ek wol Barend Fokke) libbe yn de 17e iuw en wie in Fryske kapitein foar de VOC. Hy wie bekend omdat hy sa ferskuorrende hurd sile koe op syn reizen fan de Republyk nei Java. Yn 1678 lei hy de ôfstân ôf yn trije moanne en fjouwer dagen. Dy reistiid waard ôflaat fan de datearring fan in steapel brieven dy't hy oan de Gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje, Rijckloff van Goens besoarge.

Letter waard ta eare fan him in stânbyld oprjochte dat him ôfbyldet yn Fryske klaaiïng. Dat stânbyld stie op it eilân “Het Kuipertje”, foar de haven fan Batavia. It byld waard yn 1808 troch de Ingelsken fernield.

Fokkes snelle reizen fieden spekulaasjes dat hy help krige fan de duvel, dy't him oan board as syn grutte swarte poedel foardwaan soe. Mei omdat hy nea weromkaam fan syn lêste reis wurdt Fokke faak sjoen as de skipper dêr't de sêge fan it spûkskip “De Fleanende Hollanner” op basearre is.

Yn Balk en Ljouwert is in strjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: