Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Ynfoboks plak (ferâldere)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Is de diskusje fan de lannetabel hjirby belutsen, dat wy net wer deselde problemen krije. Op it stuit liket de opmaak my noch wat ûnregelmjittich. Aliter 9 nov 2007, 22.48 (CET)[beäntwurdzje]

Dêr haw ik eins net nei sjoen. Ik bin ek net sa fan de details yn de opmaak. Ik wie earst fan doel it sa te krijen dat de ynformaasje dy't ik tink dat dêr nijsgjirrich foar is deryn komt en dat der gjin frjemde dingen barre at foar in bepaald plak dy ynfo der net is. Ik sil ris nei dy diskusje sjen, mar fiel jo frij fansels at jo goede ideeën hjirfoar hawwe (en nocht fansels). Ik kin my yntinke dat jo ek wolris jo nocht hawwe om de sooi fan in inoar wêr yn de oarder en netsjes te krijen :). Theun 9 nov 2007, 22.53 (CET)[beäntwurdzje]
Al oanpast, ik hoopje dat it oansjen sa genôch oerienkomt. Theun 10 nov 2007, 16.27 (CET)[beäntwurdzje]

It is wat breed wurden, alles byelkoar. Soe de marzje om de kaart noch fuort kinne, om it krekt wat minder grut like te litten, of rint it kaartsje dan oer yn de tafelrâne? En fierders binne der fansels dy koördinaten. Om't dy as ien lange tekst trochjûn wurde, kin it berjocht net ôftwingen dat it allegear fêste spaasjes binne útsein dy efter de komma, dat wy binne der wis fan dat it spul ferkeard splitst wurde sil by te min romte. Aliter 12 nov 2007, 04.22 (CET)[beäntwurdzje]

Dy marzje mei om my wol fuort (slagget my met yn ien kear), mar moat it smeller is no like breedt as it Berjocht:Soart? It is no neffens my in feste breedte dus soe it lyk bliuwe moatte en ek gjin probleem mei de spaasjes hawwe moatte. Behalve at je mei Ctrl++ de grutte fan de font grutter meitsje. Ik fyn dat eins net echt in probleem. Dêr binne altiten saken dy't by smellere skerms wat minder dúdlik en moai oerkomme. Theun 12 nov 2007, 05.46 (CET)[beäntwurdzje]

De huzen like no it swakke stee te wêzen:

  • Moat dit mei in haadletter, of is dit sa dien om oan te jaan dat it ûnder datselde teljier heart.
  • Hàt dit in teljier.
  • Binne dit wier allinnich de huzen, of alles wat mar boud is?

Aliter 12 nov 2007, 04.22 (CET)[beäntwurdzje]

Fansels kin dit mei in Haadletter. Ik haw dizze ynfo foar weststellingwerf oernaam fan de gemeenteside. Stiet fierders gjin ynfo bij at dit in teljier hat en ek net wat der krekt ûnder falt. Ik nim oan dat de gemeente hjirmei bouwurken telt dy't as bestimming wenjen hawwe. Dus inklusief appartementen en sokssawat. Theun 12 nov 2007, 05.46 (CET)[beäntwurdzje]

Printsjes

[boarne bewurkje]

We sjogge no dat op in soad siden, sjocht bygelyks Lúnbert en Nijhoarne, it uterlik feroaret omdat der twa plaatsjes by steane. Is it ek wat om derfoar de soargje dat dy printsjes yn it berjocht ynpast wurde kinne? Dat jo earst it printsje fan de provinsje mei de gemeente sjogge en dêrûnder it printsje mei it plak yn de gemeente sels?--J'88 26 nov 2009, 11.27 (CET)[beäntwurdzje]

Dat kin grif, mar dy plaatsjes jouwe dochs hielendal gjin ynformaasje oer dy plakke? Dy binne dochs foar de gemeente dêr't dy in part fan binne? Mysha
Der steane twa plaatsjes. Ien fan de lokaasje fan de gemeente en ien fan de lokaasje fan it plak yn de gemeente. Op it stuit feroaret it heule uterlik en steane de twa plaatsjes neist elkoar. It soe moaier wêze as de plaatsjes gewoan yn it berjocht stean kinne, ûnder elkoar.--J'88 26 nov 2009, 15.04 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, mar ik woe sizze: At de lju net witte wêr't de gemeente leit, dan sjogge hja dochs sels wol op de side fan de gemeente; dy keppeling stiet ek nochris krekt ûnder it kaartsje. Dat, dat hoecht der doch net alle kearen nochris by op de siden fan de plakken? Mysha
It giet mei net om de ynformaasje, mar om it uterlik. Ik bedoel, kin dat net oars? No stiet der op in soad siden it berjocht fan it plak neist it plaatsje. Dêrtroch krije we in smel stik tekst mei rjocht in grutte wite râne. Of it plaatsje fan wêr't de gemeente fan it plak leit moatte fuort.--J'88 26 nov 2009, 15.43 (CET)[beäntwurdzje]
Oer in skoftke feroarje alle gemeentegrinzen sa't it liket..--Swarte Kees 26 nov 2009, 19.39 (CET)[beäntwurdzje]
No, dan sil ik dy kaartsjes foar de gemeente mar fuorthelje. Dat foar dy nije gemeente~(gemeenten?), dêr moatte wy fansels al wat oer neitinke. Wat moat dêr allegear foar dien wurde? Mysha