Berjocht oerlis:Ynfoboks lân

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Twa berjochten[boarne bewurkje]

Hat it doel dat der in Berjocht:Ynfoboks lân is en in Berjocht:Lântabel? Mysha (oerlis)

Dat hat te krijen mei it feit dat ik allinnich dizze ynfoboks makke ha en net dy oare. Nei myn idee wie Berjocht:Lântabel wat ferâldere en koe der wol wat mear ynformaasje yn, dus ik ha doe in nije makke yn plak fan de besteande te ferfangen. Sa is it my in pear jier ferlyn ek útlein. Mathys1995 (oerlis) 13 mrt 2018, 14.44 (CET)
Lântabel is grif út de tiid dat berjochten te djoer wienen om te steapeljen. Dat wy soenen no op dizze oer moatte, mar dan earst de ferskillen bywurkje? Mysha (oerlis)
De ynfoboksen fan Nederlân, Denemark, Noarwegen en Sweden binne no oanpast, mar it kostet wol flink wat tiid om alles om te setten. Dêr komt noch by dat in soad gegevens fan lannen ferâldere binne, dus ik soe foarstelle wolle om de lântabel-side krekt sa lang stean te litten oant alle lannen in nije boks hawwe. Dêrnei kin dy om my wol fuort of oars trochferwize nei dizze side. Mathys1995 (oerlis) 13 mrt 2018, 15.07 (CET)
It is sels noch slimmer: ik hie ek al sjoen dat de âlde ynfoboks ferâldere wie, en doe't ik de side Austraalje oanfolle en fernijd haw, haw ik ek in nije ynfoboks oanmakke (dy't ek noch op in pear oare siden brûkt wurdt, tocht ik). Ik haw der gjin beswier tsjin dat dy ferfongen wurdt troch de nije fan jo, Mathys, mar ik soe jo al oanriede om earst alle âldsjes te dwaan, want dy fan Austraalje is no noch wol moai by de tiid. (Boppedat is it gjin wet fan Meden en Perzen dat der mar ien ynfoboks foar lannen bestean mei. Sok spul nimt amper romte yn, dat dêrom hoege we it net te litten. Wat belangryk is, is dat alle relevante ynfo deryn opnommen is.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 17.26 (CET)
Dêr gong it my om: Lântabel en Ynfoboks dogge net itselde. Kinne wy al trochferwizings hawwe nei de oare ferzjes, dat wy sjen kinne hokker funksje wêr yn sit? Mysha (oerlis)
De fraach is my eins net hielendal dúdlik. Lântabel en Ynfoboks hawwe ferskillende parameters, dat de boksen fan lannen sille stik foar stik op 'e nij ynfolle wurde moatte. Dat hie oars fansels ek al moatten om't de ynformaasje njoggen fan de tsien kear net mear aktueel is. Kinne jo dêr wat mei? Mathys1995 (oerlis) 14 mrt 2018, 14.19 (CET)
Ik freegje it oars: Kinne wy op de oerlissiden of de útlizzen derby haw "Der is ek in (keppeling en namme foar de oare), dy't (wat dy oars docht.)"? Of: "Foar nije siden is de foarkar om (keppeling en namme foar de bêste) te brûken."? Mysha (oerlis)
Dat fan dat bywurkjen wit ik neat fan; wie dat net eat wat troch WikiData of soks dien waard? Mysha (oerlis)
No is it my dúdlik. Fansels is dat mooglik, en ik sil sjen oft ik dat jûn dwaan kin. Ik leau allinnich net dat der noch in protte brûk fan makke wurdt, mei’t foar (suver) alle lannen al in side mei in (al of net bywurke) boks bestiet. It soe mooglik wêze moatte om gegevens automatysk by te wurkjen op basis fan in eksterne boarne, krekt as op de Ingelske siden gauris dien wurdt, mar hoe’t dat krekt sit moat ik my noch even eigen meitsje. Mathys1995 (oerlis) 15 mrt 2018, 18.20 (CET)
@Mathys1995: Ik bin wat skruten om Wikidata hjir op 'e Wikipedy tefolle macht te jaan (ik wol graach baas yn eigen hûs bliuwe), mar by yngongen dy't oanhâldend feroarje, lykas ynwennertal en presidint en sa, soe dat in útkomst wêze kinne, dat jou ik ta. It giet sa:

| head1_7 = ynwennertal | item1_7 = {{{ynwennertal|{{#invoke:Wikidata|getValue|P1082|FETCH_WIKIDATA}}}}}

Dit stikje masinetaal kinne jo dus oernimme. Wêr't it om giet is de koade P1082, dy't ferskilt per lemma yn Wikidata. Dus as jo op Wikidata by in lân sjogge, even de kursor rêste litte op it lemma dat jo hawwe wolle, en dan komt de koade yn byld, dy't by steatshaad bgl. P35 is en by regearingslieder P6. Even foar de dúdlikheid, ik bin gjin ekspêr op dit mêd, mar haw dit út oarmans wurk kopiëarre. Sa't it my yn it ferline útlein is, wurdt mei dit stikje masinetaal allinnich ynfo út Wikidata ophelle as it oangeande lemma yn 'e ynfoboks net ynfolle is. Is it àl ynfolle, dan kriget de ynfolle tekst foarrang. Ek as it lemma net ynfolle is, kriget it noch foarrang as it yn 'e ynfoboks op 'e side stiet. Dus stiet der "ynwennertal = 200.000", dan sil dat yn 'e ynfoboks komme, ek as op Wikidata stiet dat it lân 400.000 ynwenners hat. Stiet der allinnich "ynwennertal = ", dan bliuwt dit lemma yn 'e ynfoboks leech (en ûnsichtber). Allinnich as ek "ynwennertal =" fuorthelle wurdt, wurdt de ynfo fan Wikidata sichtber. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.01 (CET)
Ynteressant om dêr ris wat fierder op yn te gean. It earste wat dan yn my opkomt is dat saken as skriuwwizen fan sifers (bygelyks komma's ynstee fan punten) mooglik net oerienkomme mei de Fryske standert. Is dat it gefal of wurdt dêr ek rekken mei holden yn sa'n koade? Mathys1995 (oerlis) 15 mrt 2018, 21.15 (CET)
@Mathys1995: Huh. Dêr hie ik noch net op sind. Om jo even folsleine klearrichheid fan saken te jaan (dan kinne jo der sels nei sjen): der hat ien of oardel jier lyn hjir ien fan 'e Nederlânske Wikipedy oan 'e gong west dy't in ynfoboks (Berjocht:Biografy) makke hat dy't hielendal op ditsoart spul draaid. Foar biografyen hawwe jo fansels neat te krijen mei komma's of punten yn sifernotaasjes, dat ik wit it antwurd op jo fraach net. Dan sille we even eksperimintearje moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.22 (CET)
Liket my goed ta. Ik sil my mar ris even op dy ynfoboks foar biografyen stoarte om út te finen hoe't dy yninoar sit. Dêrnei sil ik wol wat eksperimintearje mei de boks foar lannen. Mathys1995 (oerlis) 15 mrt 2018, 21.27 (CET)
Ik haw it besocht, mar it wurke dus net. Oer komma's of punten kin ik neat sizze, want der wie hielendal neat te sjen. Ik tink dat dat komt om't jo in oar soarte ynfoboks brûke as Berjocht:Biografy. As we dit wolle, sille we der dus in ekspêr by freegje moatte. Om my hoecht dat net daliks. It hie moai west as we hjir wat mei koene, mar om sûnder te dwaan fyn ik ek net sa slim. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.30 (CET)
Ik leau ek dat it mar net moat. Der besteane dus boksen dy't folslein ynfolle wurde troch Wikidata, en jo moatte yn dat gefal mar ôfwachtsje oft alles der goed yn komt. Dat moat dan ek wer neigien wurde, dat dan is it gemak der fansels al gau fan ôf. Wat my oanbelanget litte wy it sa. Mathys1995 (oerlis) 15 mrt 2018, 21.40 (CET)
Mei iens. Wat jo hjirboppe sizze, dat is no krekt wat ik op sokke boksen tsjin haw. Jo jouwe in stikje autonomy wei en moatte mar ôfwachtsje wat je derfoar werom krije. Ik koe dat dy man fan 'e biografyboks doe mar net oan it ferstân peuterje, al haw ik him wol safier krigen dat er alle lemma's yn syn boks sa makke hat, dat je se ek hjir op 'e Wikipedy ynfolje kinne (yn syn earste ferzje wiene je folslein ôfhinklik fan Wikidata). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.46 (CET)
En noch in punt: ûnderwerpen dêr't wy noch gjin artikel fan hawwe, lykas yn 'e ynfoboks fan Zamenhof it berteplak, krije yn sokke boksen in link dy't je streekrjocht nei Wikidata ta bringt, mei in " [*] " efter de link. Dêr wie ik ek min oer te sprekken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.49 (CET)
Sa is 't. Op de Frânske Wikipedy ha ik siden sjoen dêr't de ynfoboks fan troch Wikidata ynfolle wurdt, mar by alle feiten in pylkje stiet om de Wikidata te feroarjen. Dat is fansels in oplossing, mar ideaal sil it net wurde. Genôch redenen om it mar sa te litten. Mathys1995 (oerlis) 15 mrt 2018, 21.58 (CET)