Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Ynfoboks hinneras

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 27 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@RomkeHoekstra: Moaie ynboboks, Romke. Mar ien ding sit my wat dwers. Ik seach by Fryske hin dat jo de foto fan 'e hin boppe-oan hawwe en de foto fan 'e hoanne hielendal ûnderoan. De ynfoboks is sa lang dat ik de beide foto's dan net tagelyk op it byldskerm krije kin. Dat fyn ik wol wat steurend, want dan kinne je hin en hoanne net yn ien eachopslach fergelykje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 des 2025, 01.40 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: Dat kloppet, ik woe se alletwa boppe ha, mar krige dat net foar inoar. Dêrom ha'k der ek sa'n skoft mei oan it pielen west (sjoch nei de skiednis). Der ûntstie hieltiten in oar konflikt as ik de ôfbylden ûnder inoar ha woe. Ik ha op't lêst de ynfoboks mar wer tefoarren helle dêr't ik mei begûn en dy wol boppe mar ien ôfbyld sjen litte. As ik hjir twa ôfbylden ûnder inoar set dan ferskynt der tekst lykas "wyfke|264px|gielwytweiten hin". Ik ha noch eefkes sjoen by de Nederlânske, Ingelske en Frânske en dy ha it ek sa dien (de Dútske lit de hoanne net sjen). Mar ik sil noch eefkes besykje mei wat oars. Ik ha hjoed net in soad tiid, dus ik ha ynfoboks no ferwidere sadat jo hin en hoanne yn ien eachopslach sjogge. --RomkeHoekstra (oerlis) 27 des 2025, 08.40 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Ik ha der noch ris mei oan 'e gong west mar krij it net foar inoar. Ik hie lang om let in ynfoboks dy't twa ôfbylden ûnder inoar stipet (de lêste ferzje), mar dan krije wy wer twa oare problemen: 1. de parameters wurde neamd dêr't gjin ynformaasje oer ynfolle is en 2. de ynformaasje dy't wol ynfolle is yn 'e fjilden fan 'e parameters komt net moai ûnder inoar te stean. Dat is ek gjin gesicht. Ik leau it no wol. Miskien sjogge jo it fuortendaliks wat der mis is, mar oars litte wy it mar gewurde en jo meie om my de ynfoboks wiskje.--RomkeHoekstra (oerlis) 27 des 2025, 21.08 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Ferfelend, sis. Ik seach dat jo by in bewurking skreaune: Ik krige mei de generike ynfoboks gjin twa ôfbylden ûnder inoar, dat skynt net te kinnen. Neffens my moat dat wol kinne. Want as ik by Ynfoboks generyk efter de skermen sjoch (https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Berjocht:Ynfoboks_generyk&action=edit) dan sjoch ik dêr ridlik boppe-oan (it 12e item of sa) {{#If:{{{image|}}}| ensfh. stean (dat is neffens my it lemma foar ôfbylding dat wy altyd brûke yn generike/universele ynfoboksen). Mar dêr fuort ûnder (nei al it spul dat by "image" heart) stiet it lemma {{#If:{{{mainimage|}}}| ensfh. en dêr wer ûnder {{#If:{{{otherimage|}}}| ensfh., dus neffens my moatte je boppe-yn in generike ynfoboks teminsten trije ôfbyldings ûnderinoar pleatse kinne. It wurdt my no te let om hjir noch mei om te prutsen, mar ik wol der moarn wol even nei sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2025, 01.33 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Ik sei dat ik der no net mear mei oan 'e gong soe, mar ik wie dochs nijsgjirrich oft it koe sa't ik sei. Dêrom haw ik út 'e skiednis fan jo ynfoboks de ferzje fan 24 des. 2025 om 16.55 oernommen. Dy haw ik even op Meidogger:Ieneach fan 'e Esk/klad2 plakt en doe haw ik foar de twadde ôfbylding it lemma "mainimage" brûkt. (Neffens my hie it mei "otherimage" ek kinnen.) Ik haw him der by Fryske hin even ynset om te sjen oft er it die en neffens my is it probleem sa oplost. Fryske hin sit noch oan myn kladside fêst, dat moat oars fansels. Mar ik lit it fannacht sa mar even stean, dan kinne jo sjen hoe en wat. En dan moatte jo mar sizze oft jo it sa hawwe wolle of dat jo de boks hâlde wolle dy't jo sels boud hiene. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2025, 02.12 (CET)Beäntwurdzje
Moai dat jo it foarinoar krige ha. Ik hie op 't lêst skjin myn nocht. Tige tank. RomkeHoekstra (oerlis) 28 des 2025, 08.27 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Gjin tank. Jo meie my altyd even freegje as jo der net út komme, hear. It kin fansels wêze dat ik it ek net wit, mat twa witte altyd mear as ien. Behalven as ien fan beiden Trump is, dan witte twa minder as ien, tink ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2025, 12.20 (CET)Beäntwurdzje