Berjocht oerlis:Register ABD

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kloppet it dat Fryske wurden nea mei in z begjinne? En hoe sit it dan mei de v? En de y is yn it Frysk net in aparte letter, mar wurdt as foarm fan de i sjoen.--SK-luuut 23 mrt 2008, 18.23 (CET)[beäntwurdzje]

Tsja, dêr sitte wy faker mei oanklaud op de Wikipedy. Yn it Frysk brûke wy yndie gjin v/z foaroan in wurd. Yn it Frysk komme wy der faak wol út ( al siet ik lêstendeis sels mei "Vegelinsoord" ) mar by bûtenlânske wurden moatte wy kieze tusken gewoan stean litte, sa't minsken yn dat yn dat bûtenlân sels dogge of "Ferfryskje" lykas Zwolle-Swol en Vaals-Faals. Neidiel hjirby is faak dat sa'n ferfryske wurd net botte werkenber mear is foar de lêzer. Der binne trouwens wol mear talen dy't hjir mei sitte, sjoch marris nei de skriuwwize fan de ferskillende ynterwiky's. As de letter middenyn in wurd stiet is it wat minder slim, mar foaroan in wurd bliuwt it lestich. Dat is eins wat persoanlik. In fêste regel is min te jaan. By ierdrykskundige nammen bestiet fan de meast gongbere topografyske wurden in rjochtline fan de FA, mar dêrbûten wurdt elts de frije kar litten. Oerlis is dan wolris in manier om wat oaren te hearren, mar der is net ien fêste noarm. Der hat op de Wikipedy hjiroer dan ek al geregeld oerlis west.

Mei de y is it sa't jo hjirboppe oanjûn hawwe.Swarte Kees 23 mrt 2008, 19.08 (CET)[beäntwurdzje]

En as wy no útlânske wurden tsjinkomme dy't mei in c, in q, in x of in z tsjinkomme? En soe it net better wêze as we de y fuort helje soenen? Dêr binne we it wol oer iens. Neffens my komt de c yn it Frysk hielendal net foar, mar is de ch gewoan in aparte letter. Miskien is it wol in goed idee om it foarbyld fan 'e Hollânske Wikipedy te folgjen. Dêr kinne je sels oanjaan hokker eleminten fan dit Berjocht je brûke wolle.--SK-luuut 23 mrt 2008, 21.08 (CET)[beäntwurdzje]
De Y weihelje by wurden mei in Y foarop is net nedich. It register wurket sa dat jo daliks nei de I trochstjoerd wurde. Fergelykje it mar mei de list fan doarpen: Wa't de Y fan Ychten oanklikt komt by Ychten út mar ek by Idaerd. De oare letters dy't jo neame kome yndie net foarop in wurd foar by Fryske nammen.
  • C foarop is bgt Caen yn Frankryk. En dat begjint it ferskil fan miening tusken de "rekliken" en de '"presizen" in dizze matearje. En krektas by tsjerklike kwestjes komt men dêr nea út sûnder oaren foar de kop te stjitten. Dat hat grif ek ien fan de redenen west om dit safolle mooglik frij te litten. Al moat der dan wol om tocht wurde dat net eltsenien it op syn Trinus Riemersma's docht en skriuwt wat men heart. Dan komme der ommers yn it neame foarbyld: Caen/Kaen/Kaan foar. Yn soksoarte gefallen soe der efkes sjoen wurde moatte oft in bepaalde stavering al wenst is op de Wikipedy. En oars is der ek altyd noch plak foar Oerlis.
  • Q foarop is faak Qu en dan wurdt der yn it Frysk meast Kw skreaun.
  • X foarop komt yn it Frysk net foar mar bg Xenon kin dan Ferfryske wurde yn Ksenon of gewoan stean litte as Xenon.
  • Z foarop lykas yn Saandam is wer in kwestje fan persoanlike frijheid, tensij der reden is om foar ien fan de ferskate mooglikheden te kiezen. 'k Soe sels net krekt witte wat Register ABD docht mei wurden dy't mei in X begjinne..

Al mei al jout it faak in soad twifel. Mar dat is ek sa by Hamburg/Hamburch of yn ien fan jo lêste artikels Kloppenbuorch/Kloppenburch/Kloppenboarch. Wy kinne der noch hiel folle oerlis oer ha en soks sil ek moatte, mar wy komme der nea hielendal út bin ik bang. Dat d6erom earst mar nei eigen ynsjoch, tensij... Swarte Kees 25 mrt 2008, 19.00 (CET)[beäntwurdzje]