Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Dielsteat fan Yndia

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch RomkeHoekstra

@RomkeHoekstra: Goeie. Ik haw dizze list ris trochrûn, en ik haw der alfêst in pear lytse feroarings yn oanbrocht dy't jo ûntkommen wiene, sa liek my ta: West-Bengalen --> West-Bingalen; Nagaland --> Nagalân.

Fierders binne der noch in stikmannich dingen dy't ik net feroare haw, mar dy't ik by dizzen foarstelle wolle soe:

  • Rajasthan --> Radjastan (ferfrysking)
  • Ferskate dielsteaten komme oerien mei etnyske groepen en de talen fan dy etnyske groepen, dat dan liket ferfrysking my handich ta:
    • Gujarat --> Gûdjarat (Gûdjaraten of Gûdjaraty; Gûdjaratysk)
    • Manipur --> Manipoer (Manipoerezen; Manipoereesk)
    • Punjab --> Pûndjaab (Pûndjaby; Pûndjabysk)
    • Tripura --> Tripoera (Tripoerezen; Tripoereesk)

Persoanlik jou ik ek de foarkar oan 'e âlde namme fan Odisha om't dy makliker te ferfryskjen is:

  • Odisha --> Orissa (Orissanen; Orissaansk)

De âlde namme fan Puducherry is neffens my folle bekender:

  • Puducherry --> Pondicherry

Oarsom begryp ik net goed wêrom't jo by ferskate steatsnammen de oantsjutting "Pradesh" ferfryskje ta "Pradesj"; ik sjoch net yn hokker foardielen dat hat. Ek meitsje jo fan Arunachal Pradesh "Arunatsjal Pradesj" (dan soe ek de u ferfryske wurde moatte ta û, neffens my), wylst jo by Himachal Pradesh deselde klank stean litte mei in ch ynstee fan dy te ferfryskjen ta tsj. Myn ynstek soe wêze (mar mooglik binne jo it dêr net mei iens) om dy nammen mar stean te litten sa't se yn it Hindy en oare Yndiaaske talen skreaun wurde, dus Arunachal Pradesh, Himachal Pradesh, Madhya Pradesh, ensfh. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 apr 2026, 20.45 (CEST)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: As jo der wis fan binne dat de ferfrysking kloppet en korrekt is, dan fyn ik it bêst. Dêr ha jo mear doel oer as ik. Wat de nammen dy't einigje mei -esh oanbelanget: ik seach dat de nammen by Wikipedy ek mei -esj foarkomme en ik ha foar -esj keazen om't wy ek Bangladesj ha. Mar it makket my fierder neat út, yn eardere artikels ha ik ek wol -esh brûkt. Sa sit ik ek wolris mei de talen te tyskjen, somtiden einigje dy mei in -i, in oare kear mei in -y. Mar jo passe it mar oan sa't jo dat it bêste taliket. --RomkeHoekstra (oerlis) 9 apr 2026, 21.04 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: No, de foarmen Radjastan, Pundjaab (sûnder kapke op 'e u fansels), Manipoer en Tripoera wurde ek yn it Nederlânsk wol brûkt (sjoch Google). Pondicherry wie foarhinne in Frânske koloanje (it lêste restant fan Frânsk-Ynje), dus dat is de koloniale namme, mar dy is neffens my bekender. As jo sizze: mar ik wol gjin koloniale nammen brûke, dan hawwe jo dêr ek wer in punt, dus jou mar even oan wat jo wolle. Orissa is de âlde namme fan Odisha. It liket my handiger y.f.m. de Fryske stavering. Gûdjarat is in ferfrysking fan myn eigen hân, dus as jo sizze: dat haw ik leaver net, dan lit ik dat.
Wat Pradesj/Pradesh oangiet, dat haw ik yndie ek wol op oare siden stean sjoen as Pradesj, mar sa't ik sei, ik begryp earlik sein net hokker mearwearde it hat om sa'n wurd te ferfryskjen, wylst it dochs net ferbûgd wurde kin of hoecht te wurden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 apr 2026, 21.18 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: P.S.: ik sjoch trouwens op Google dat yn it Afrikaansk Gujarat stavere wurdt as "Goedjarat"; dy stavering komt ek foar yn âlde Nederlânske kranten, lykas de Zierikzeesche Nieuwsbode fan 13 aug. 1968. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 apr 2026, 21.23 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Eefkes fan it ien yn it oare: is it sa dat de ynfoboksen folle smeller woarn binne of liket dat sa?--RomkeHoekstra (oerlis) 9 apr 2026, 21.28 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Ik leau it net, teminsten: ik sjoch gjin ferskil. Mar de iene ynfoboks is fansels smeller as de oare, want de breedte is programmearber. Hoewol net by de universele ynfoboksen; dêr is de breedte foarprogrammearre. Dus as it dêr feroare wêze soe, dan moat der in feroaring trochfierd wêze yn Berjocht:Ynfoboks generyk, en dat is net sa (de lêste wizeging is dêr fan 10 febrewaris). Miskien hawwe jo dwaande west mei in bredere, net-universele ynfoboks sadat de universelen no smeller lykje? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 apr 2026, 21.34 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Nee, mar ik bin no yn Dútslân en it like my sa ta om't der minder romte is foar de ynformaasje, mar miskien komt it ek om't ik efter in oare kompjûter mei in oar skerm sit. As ik werom bin yn Fryslân nije wike sil ik sjen oft it dêr ek sa liket.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 apr 2026, 21.51 (CEST)Beäntwurdzje