Berjocht:Side fan de wike 2026/wike 51
Appearance

Iis is wetter (H2O) dat beferzen is ta in fêste foarm. Ofhinklik fan 'e oanwêzigens fan ûnsuverheden lykas dieltsjes ierde of bûlen lucht kin it trochsichtich lykje of in blau-witige ûntrochsichtige kleur hawwe. Iis komt foar op 'e Ierde en dêrbûten. Op 'e Ierde is it benammen te finen yn 'e poalstreken en yn heechberchtmen, hoewol't it ek foarkomt as foarm fan delslach (hagel). It kin op ferskate manearen ûntstean en wer ferdwine. De minske makket gebrûk fan iis foar û.m. kuolling en wintersporten. Ek de fêste foarmen fan oare stoffen as wetter wurde wol oantsjut as 'iis'.