Berjocht:Side fan de wike 2026/wike 49
Appearance

De Tahoemar (Ingelsk: Lake Tahoe, útspr.: [leːͥk ˈtæːhoʊ], likernôch: "leek tê-hoo"; Wasjo: Dáʔaw, útspr. [daːʔɔː], likernôch: "daa-ô") is in mar yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten dy't yn it berchtme fan 'e Sierra Nevada leit. De mar befettet swiet wetter en is de grutste berchmar fan Noard-Amearika. De Tahoemar is in grutte toeristyske trekpleister, dêr't simmerdeis in protte wettersport beoefene wurdt, wylst der by 't winter in protte wintersporters ôfkomme op 'e hotel-resorts en skypystes deunby de igge. Teffens binne der ferskate kasino's. De mar stiet bekend om syn kristalheldere wetter.