Berjocht:Side fan de wike 2026/wike 32

De Uttocht fan 'e Noardlike Sjajinnen (Ingelsk: Northern Cheyenne Exodus) wie in barren dat plakfûn as ûnderdiel fan 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby besochten de Noardlike Sjajinnen yn it neijier fan 1878, nei't se fier fan hûs en hiem yn it reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen yn it hjoeddeistige Oklahoma ynternearre wiene, mei in wanhopige ûntsnapping werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. De útbraak stie ûnder lieding fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf (foto). It Amerikaanske Leger die der alles oan om 'e Noardlike Sjajinnen tsjin te kearen. De troep fan Stomp Mês waard úteinlings begjin 1879 yn Nebraska efterhelle en by it Bloedbad fan Fort Robinson foar it meastepart ôfslachte. De troep fan Lytse Wolf wist nei in barre tocht Montana te berikken, dêr't hy en syn krigers en squaws har oerjoegen oan it leger. Se mochten op provisjonele basis bliuwe oant der fan hegerhân in beslút oer harren takomst nommen wie. Yn 1884 joech de Amerikaanske presidint Chester A. Arthur opdracht ta de oprjochting fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat yn súdeastlik Montana.