Berjocht:Side fan de wike 2026/wike 22

Brave (letterlik: "Dapper") is in Amerikaanske tekenfilm fan spylfilmlingte út 2012, ûnder rezjy fan Mark Andrews en Brenda Chapman. It giet oer de jonge readhierrige Midsiuwske Skotske prinsesse Merida, in tûk bôgesjitster, dy't tsjin alle tradysjes yn oanjout dat se net úthylke wurde wol. Dat bringt it hiele keninkryk yn ûntstjoer en as Merida de help fan in hekse ynropt om har sin te krijen, rekket har mem ûnbedoeld feroare yn in bearinne. De stimmen fan 'e wichtichste personaazjes waarden yn 'e oarspronklike ferzje yn it Skotsk-Ingelsk ynsprutsen troch Kelly Macdonald, Billy Connolly en Emma Thompson. Brave, dat foarôfgeande oan 'e premiêre lang bekend stie ûnder de wurktitel The Bow and the Bear ("De Bôge en de Bear"), wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Pixar, dy't ûnderdiel útmakket fan The Walt Disney Company. De film waard in grut súkses en wûn yn 2013 de Oscar, de BAFTA Award en de Golden Globe yn 'e kategory bêste lange animaasjefilm fan 2012.