Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2026/wike 20

Ut Wikipedy

De hoaleliuw (wittenskiplike namme: Panthera spelaea), inkeld ek wol de steppeliuw neamd, is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e panters of loaihoarsen (Panthera). Dit bist libbe fan likernôch 600.000 oant 13.000 jier lyn en wie lânseigen yn in grut diel fan Jeraazje en it noardwesten fan Noard-Amearika. Undersyk nei it DNA fan 'e hoaleliuw hat útwiisd dat it beslist in selsstannige soarte wie, dy't los stie fan (mar wol nau besibbe wie oan) de moderne liuw (Panthera leo). Aldere fossilen fan 'e hoaleliuw litte sjen dat it ien fan 'e grutste kateftigen wie dy't ea libbe hat. It wie in wichtich lid fan 'e (letter hast hielendal útstoarne) Pleistosene megafauna en ien fan 'e gefaarlikste rôfdieren fan syn tiid. De minsken dy't doe libben, sawol de Neändertalers as ier moderne minsken, hiene ynteraksje mei de hoaleliuw, wat bewiisd wurdt troch de weromfûne bewurke pelzen fan it bist, dy't se as klean brûkten, en troch ôfbyldings fan hoaleliuwen yn grotskilderings en oare keunstfoarmen.

Lês fierder