Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 19

Ut Wikipedy

L.M. Montgomery (folút: Lucy Maud Montgomery; Clifton (Prins Edwardeilân), 30 novimber 1874Toronto, 24 april 1942) wie in Kanadeesk skriuwster dy't wurke oan 'e ein fan 'e Belle Époque, ûnder de Earste Wrâldoarloch en yn it Ynterbellum. Hja waard wrâldferneamd troch in rige berneboeken dy't hja yn 1908 úteinsette mei de roman Anne of Green Gables, oer it weesfamke Anne Shirley, dy't opgroeit op Prins Edwardeilân. Montgomery skreau yn totaal 21 romans, sa'n 150 koarte ferhalen, likernôch 500 gedichten, 30 essays, in autobiografy en ferskate postúm publisearre deiboeken. De measten fan har romans en ferhalen spylje op Prins Edwardeilân, dêr't se sels har jonkheid trochbrocht hie, en ferskate plakken dêre ûntjoegen har troch har wurk ta populêre toeristyske trekpleisters, lykas de pleats Green Gables.

Lês fierder