Berjocht:Side fan de wike 2018/wike 30

Ut Wikipedy

Malcolm X (berne as: Malcolm Little en ek bekend as: Malik El-Shabazz en El-Hajj Malik El-Shabazz, fan it Arabyske الحاجؑ مالك الشبازؑ, al-Ḥaǧǧ Malīk al-Šabāzz; Omaha (Nebraska), 19 maaie 1925New York (New York), 21 febrewaris 1965), wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist, islamitysk predikant en publisist fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy rekke as bern beide âlden kwyt en groeide fierhinne op yn in rige pleechgesinnen. As tiner rekke er op it ferkearde paad, en mei 20 jier bedarre er yn it tichthûs, dêr't er yn oanrekking kaam mei de Nation of Islam. Dêr joech er him by, en nei syn frijlitting klom er al rillegau op ta ien fan 'e liedingjaande posysjes yn dy organisaasje.

In jier as tolve lang preke Malcolm X it gedachteguod fan 'e Nation of Islam, dat in ôfwikende foarm fan 'e islaam en in swart rasisme omfieme. As sadanich kaam er kear op kear yn botsing mei net inkeld de hearskjende noarmen en wearden yn it doetiidske Amearika, mar ek mei mear moderate boargerrjochte-aktivisten. Likernôch in jier nei't er yn 1964 desyllúzjonearre de Nation of Islam de rêch takearde, waard er fermoarde troch trije leden fan 'e organisaasje. Hoewol't Malcolm X noch altyd in kontroversjeel figuer is, wurdt er rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e swarten yn 'e Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw nei Martin Luther King, en as ien fan 'e ynfloedrykste lieders dy't de Afro-Amerikaanske mienskip ea fuortbrocht hat.

Lês fierder...