Springe nei ynhâld

Bergen (Nedersaksen)

Ut Wikipedy
Bergen (Nedersaksen)
Flagge Wapen
Polityk
Lân [[Ofbyld:|20px]] Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis
Sifers
Ynwennertal 13.027 (2015)
Oerflak 163,77 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 80 / km²
Hichte 77 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.bergen-online.de
Bergen yn Landkreis Celle, Nedersaksen

Bergen is in stedsje yn Dútslân, yn de dielsteat Nedersaksen. Bergen leit 23 km benoarden de wat gruttere stêd Celle yn in boskich gebiet. Bestjoerlik is Bergen part fan it Landkreis Celle.

Nei it súdwesten, yn de buortskip Belsen, wie yn de Nazy-tiid it wreed ferneamde konsintraasjekamp Bergen-Belsen.
Yn it tiidrek 1963 o/m 1993 wie it plakje bekend fan it NAFO-oefenterrein Bergen-Hohne, dêr't ek de kavaleristen fan it Nederlânske 41e Tankbataljon, Rezjimint Huzaren Prins Alexander dy't legere wiene. Binnen it oefenterrein lizze ek de Sieben Steinhäuser, in groep dolmens út de Stientiid.

Bergen hat in stêdebân mei Hendrik-Ido-Ambacht yn Nederlân.