Springe nei ynhâld

Bergamo

Ut Wikipedy
Bergamo
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeBergamo
Sifers
Ynwennertal120.599 (31.07.2025)[1]
Oerflak40,16 km²
Befolkingsticht.3.002,96 ynw./km²
Hichte249 m
Oar
Postkoade24121–24129
Koördinaten45°41' N 9°40' E
Offisjele webside
www.comune.bergamo.it
Kaart
Bergamo (Itaalje)
Bergamo

Bergamo (Lombardysk: Bèrghem, Dútsk (ferâldere): Wälsch-Bergen) is in stêd en gemeente yn ' e Italjaanske regio Lombardije, likernôch 40 kilometer eastlik fan Milaan. It is ek de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme.

Bergamo waard oarspronklik bewenne troch de Orobii, in Keltysk-Ligueryske stamme. Yn 'e 3e iuw f.Kr. kaam it gebiet ûnder de macht fan 'e Romeinen, dy't de stêd Bergomum neamden. Bergamo waard yn 'e 8e iuw ûnderdiel fan it Karolingyske Ryk. Dêrnei waard Bergamo yn 'e 12e iuw in frije gemeente (comune) mei in sterke stedske autonomy. Yn 'e tiid fan it konflikt tusken Welven (paussinnigen) en Ghibellinen (keizerssinnigen) foel Bergamo ûnder de Visconti fan Milaan, dy't de sitadel fersterken.

Fenesiaanske muorren.

Yn 1428 kaam Bergamo nei ferskate oarloggen tsjin de Visconti fan Milaan ûnder it bewâld fan 'e Republyk Feneesje. De Feneesjers fersterken de stêd mei de noch altyd sichtbere Città Alta-muorren (de Fenesiaanske muorren), boud tusken 1561 en 1588. Under Feneesje bloeide de stêd ekonomysk en kultureel. Yn dy tiid ûntstie de ferdieling fan Città Alta (de âlde boppestêd) en Città Bassa (de legere delsetting).

Yn 1797 makke Napoleon in ein oan 'e Fenesiaanske hearskippij. Bergamo waard diel fan de Cisalpynske Republyk (1797–1802) en dêrnei fan 'e Italjaanske republyk (1802-1805) en it Keninkryk Itaalje ûnder Napoleon (1805-1814). Nei de fal fan Napoleon yn 1815 kaam Bergamo ûnder Eastenryksk bewâld as part fan it Keninkryk Lombardije-Veneesje (1815–1866).

Yn 'e tiid fan 'e ienwurding fan Itaalje spile Bergamo in wichtige rol: de stêd stipe Garibaldi en waard bekend as Città dei Mille (stêd fan 'e Tûzen) om't in soad frijwilligers út Bergamo meidiene oan Garibaldi syn ekspedysje fan 1860. Nei de ienwurding fan Itaalje (1861) waard Bergamo in part fan it nije keninkryk.

De stêd waard yn 'e Twadde Wrâldkriich sparre foar grutskalige fernielingen. Op it yndustrygebiet Dalmine nei fûnen der gjin bombardeminten plak. Sûnt 9 july 2017 binne de Fenesjaanske muorren fan Bergamo ûnderdiel fan 'e UNESCO.

Yn 2020 stie Bergamo yn 'e earste faze fan 'e COVID-19 pandemy yn it nijs as ien fan 'e Europeeske episintra fan 'e besmetting. De bylden fan in lange rige legertrucks mei de lykkisten fan 'e COVID-19-slachtoffers gyngen de hiele wrâld oer.

Funicolare.

De histoaryske stêd wurdt yn twa dielen ferdield, dy't elts in eigen karakter ha.

  • De Città Alta (Boppestêd) leit op in heuvel en is ommuorre mei de foarse Fenesiaanske muorren út de 16e iuw. De boppestêd hat syn midsiuwske karakter hast hielendal bewarre en bestiet út smelle strjitsjes, poarten en prachtige útsichten oer de Lombardyske flakte.
  • De Città Bassa (Understêd) is moderner en drokker mei brede strjitte, winkels, musea en teaters.

De twa stêddielen binne troch in ferneamde kabelbaan (funicolare) ferbûn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Blik op 'e katedraal en Marijebasilyk.
  • De Fenesiaanske muorren waarden tusken 1561 en 1588 ûnder it bewâld fan de Republyk Feneesje oanlein as ûnderdiel fan har ferdigeningswurken tsjin de Spaanske macht yn Milaan. De muorren binne mear as 6 kilometer lang en wurde troch fjouwer grutte poarten trochbrutsen (Porta San Giacomo, Porta Sant'Agostino, Porta San Lorenzo, en Porta Sant'Alessandro).
  • De Piazza Vecchia is ien fan 'e moaiste pleinen fan hiel Itaalje mei it Palazzo della Ragione en de Torre Civica (Campanone), wêrfan't de klok neffens in tradysje út de Fenesiaanske tiid alle jûnen 100 kear slacht.
  • Oan 'e Piazza Duomo stiet de Cattedrale di Sant'Alessandro, dy't wijd is oan 'e beskermhillige fan 'e stêd. De katedraal hat in neoklassisistyske gevel, mar syn oarsprong giet werom op 'e 8e iuw.
  • Njonken de domtsjerke stiet de 12e-iuwske Basilica di Santa Maria Maggiore, ien fan 'e meast yndrukwekkende romaanske tsjerken fan Noard-Itaalje mei in prachtich fersierd ynterieur en it grêf fan komponist Gaetano Donizetti.
  • De 15e-iuwske Cappella Colleoni is in masterwurk út de renêssânse en waard boud as grêfkapel foar de condottiero Bartolomeo Colleoni.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: