Berchkavia
berchkavia | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cavia tschudii | ||||||||||||
Fitzinger, 1867 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De berchkavia (Latynske namme: Cavia tschudii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kavia's (Cavia), dat foarkomt yn it Andesberchtme fan it Súdamerikaanske lân Perû. It is fan dizze soarte dat de rûnom as húsdier holden hûskavia ôfstammet.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylde kavia's yn Perû waarden foar it earst yn 1835 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch E.T. Bennett, dy't dêrfoar de wittenskiplike namme Cavia cutleri betocht. Yn 1845 brûkte syn Switserske kollega Johann Jakob von Tschudi dy namme om te ferwizen nei wat no as twa ferskillende bisten beskôge wurdt: yn it foarste plak Bennett syn Cavia cutleri, dy't yn 1917 troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas mei grutte wierskynlikheid identifisearre waard as in oarskleurige ferwyldere hûskavia (Cavia porcellus), en twad in wylde Perûviaanske berchkavia dy't dúdlik net it bist wie dat Bennett beskreaun hie. Dit lêste bist waard yn 1867 troch de Eastenrykske soölooch Leopold Fitzinger omneamd ta Cavia tschudii, in earbetoan oan syn foargonger Von Tschudii.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |