Berchgoars
| berchgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza tahapisi | ||||||||||||
| Smith, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De berchgoars (Emberiza tahapisi) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De soarte komt wiidferspraat foar yn Afrika besuden de Sahara.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De berchgoars weaget 11,6 oant 21 gram en is 13–15 sintimeter lang. De fûgel hat in streke kop en in kanielbrune ûnderkant. Mantsjes hawwe swart-wite streken, wylst de streken by wyfkes minder donker en mear brún binne. It kielplak is by mantsjes effen swart, mar by wyfkes lytser, griiseftich en ticht bespikkele. Jonge fûgels lykje op wyfkes, mar hawwe mear bêzje-eftige kopstreken en in blekere, brúnere kiel.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchgoars wurdt ferdield yn fiif ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Emberiza tahapisi arabica – it suden fan it Arabysk Skiereilân (súdwestlik Saûdy-Araabje, westlik en it uterste súdeasten fan Jemen en súdwestlik Oman);
- Emberiza tahapisi insularis – Sokotra;
- Emberiza tahapisi septemstriata – súdeastlik Sûdan, noardeastlik Súd-Sûdan, Eritreä en noardwestlik Etioopje; kin mooglik in hybride wêze tusken de nominaatfoarm en de griiskielgoars;
- Emberiza tahapisi tahapisi – sintraal en súdeastlik Etioopje en noardlik Somaalje, nei it suden ta oant Súd-Afrika; ek Gabon, Angoala en sintraal en súdlik Kongo-Kinsjasa;
- Emberiza tahapisi nivenorum – westlik Namybje en nei alle gedachten ek it oangrinzgjende súdwesten fan Angoala.
De ûndersoarte insularis wurdt faak by de nominaatfoarm yndield.
Earder waard de griiskielgoars (Emberiza goslingi) as in ûndersoarte fan 'e berchgoars beskôge, en guon autoriteiten dogge dat noch jimmeroan. Guon autoriteiten rekkenje de populaasje septemstriata lykwols ta de griiskielgoars.
Skaaiyndieling en sibskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt fanâlds yn it skaai goarzen Emberiza pleatst, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza hjoed-de-dei opdield yn ferskate lytsere skaaien. De berchgoars en de oare Afrikaanske goarsfûgels wurde dêrby yn it skaai Fringillaria pleatst. Genetysk ûndersyk lit sjen dat de soarte it meast besibbe is oan 'e griiskielgoars, en op wat gruttere ôfstân oan 'e Súd-Afrikaanske ljurkgoars (Emberiza impetuani).
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It natuerlike leefgebiet bestiet út drûge savanne en drûge gerslânskippen op lege hichten, fan 200 oant 2.900 meter boppe seenivo. De soarte yt benammen gerssied, mar ek farsk blêd, nektar en ferskate soarten ynsekten. De soarte is in stânfûgel, mar beweecht him lokaal nomadysk; yn sintraal-súdlik Afrika beweecht er yn 'e reintiid nei it noarden en yn it drûge seizoen nei it suden.
It nêst wurdt makke fan tûkjes en gers en wurdt meastentiids op 'e grûn boud, op in skaadryk plak. Sawol it mantsje as it wyfke briede de aaien út en fersoargje de jongen. It brieden duorret 12–14 dagen en de jongen fleane 14 oant 16 dagen nei it útkommen út. Dêrnei wurde se noch trije wiken yn it territoarium fan 'e âlden fuorre. In lechsel bestiet út 2 oant 4 aaien, dy't grieneftich of blauwich wyt binne mei donkerbrune of readbrune spikkels.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is. Nei alle gedachten hat de fûgel gjin lêst fan substansjele bedrigings. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt oer it algemien as frij algemien beskôge.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme tahapisi is ôfkomstich fan it Tswana-wurd Thagapitse of Thàxàpitsí, dat sebrafûgel betsjut en brûkt wurdt foar ferskate soarten finken mei in streke kop en wevers.
Relaasje mei de minske
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berchgoarzen komme somtiden ek yn stêden foar. Yn guon lannen wurde se fongen foar de hannel yn koaifûgels, mar se kinne har goed oanpasse oan finzenskip.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
