Berchgielsnaffeliisfûgel
| Berchgielsnaffeliisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Syma megarhyncha | ||||||||||||
| Salvadori, 1896 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De berchgielsnaffeliisfûgel (Syma megarhyncha) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berchgielsnaffeliisfûgels binne lytse iisfûgels. Folwoeksen fûgeltsjes wurde 21 oant 24 sm lang. Mantsjes weagje 52 oant 60 gram, wyfkes 49 oant 63 gram. De mantsjes ha in oranjegiele kop en ûnderkant en grienblauwe boppedielen en yn 'e nekke oan beide kanten in swart plak. De sturt is donkerblau en de wjukfearren bimne swart mei blaueftige rânen en punten. Wyfkes ha in swarte kroan en binne ûnder ljochter. De swarte plakken yn 'e nekke binne by wyfkes gearfoege. De snaffel is heldergiel mei in donkere râne by de boppekant fan 'e boppesnaffel lâns. De iris is donkerbrún en de poaten binne dofgiel. Jonge fûgels ha in griisswarte snaffel en swarte plakjes by 't ear. Se ha ek in grutter swart gebiet om it each en donkere puntsjes op 'e fearren fan 'e wangen en it boarst.
Berchgielsnaffeliisfûgels ha in soad fan 'e lytse gielsnaffeliisfûgel, mar dy hat in folslein giele snaffel en libbet yn legere dielen as de berchsnaffeliisfûgel. De berchgielsnaffeliisfûgel is ek grutter en hat in relatyf gruttere snaffel as de lytse gielsnaffeliisfûgel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Nij-Guineä en libbet yn fochtige, tropyske bosken tusken 1.200 - 2.200 m boppe seenivo.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- S. m. sellamontis: it Huonskiereilân (noardeastlik Nij-Guineä).
- S. m. megarhyncha: fan westlik oant súdeastlik Nij-Guineä.
Om 't de twa ûndersoarten net goed beskreaun binne, ha guon auteurs yn harren omgean litten om se gear te foegjen, itjinge de soarte monotypysk meitsje soe.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte yt lytse hagedissen, larven en ynsekten. Se briede yn desimber en lizze twa wite aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings fan 'e grutte fan 'e populaasje. De soarte is lokaal algemien mar oer it algemien seldsum. Om 't it habitat út bosk bestiet en it areaal dêrfan yn it ferspriedingsgebiet wat ôfnommen is, wurdt der fanút gien dat de soarte mei yn oantal ôfnommen is. De tebekgong is net hiel grut en dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre (2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
