Berchwâld

Mei de oantsjutting berchwâld of montaan wâld wurde yn algemiene sin alle wâlden of bosken bedoeld dy't yn in berchtme groeie, fan 'e foet fan 'e bergen ôf oan 'e beamgrins ta. Op it mêd fan 'e fegetaasje-ekology sprekt men lykwols inkeld fan in 'berchwâld' as sa'n wâld him op grûn fan in heechberchtmeklimaat ekstrasônaal ûnderskiedt fan 'e klimaatsône dy't it berchtme omjout. Sokke echte berchwâlden lizze yn 'e alpine en foar in diel yn 'e subalpine fegetaasjesône.
Dat echte berchwâlden yn in kâlder klimaat groeie as it omlizzende klimaat is te merken oan 'e groeifoarm en oan 'e stadige groei fan 'e beammen. De beamsoarten dy't der foarkomme, binne oanpast oan fiedingsstofearme grûn, hommelse en sterke waarsferoarings en sterk reliëf. Berchwâlden komme foar op alle wrâlddielen, útsein Antarktika. Yn Jeropa, noardlik Aazje en Noard-Amearika krije berchwâlden by 't winter in protte snie. Ek yn oare dielen fan 'e wrâld is dat sa by berchwâlden yn hege berchtmen, bygelyks yn 'e Himalaya en de súdlike Andes. Yn waarmere klimaatsônes, lykas yn Afrika, Austraalje en Súd- en Súdeast-Aazje begjinne berchwâlden op gruttere hichte boppe seenivo as yn kâldere klimaatsônes.
It bioferskaat fan berchwâlden, yn 't bysûnder yn fochtige berchtmen, en de rykdom oan endemyske soarten planten sawol as bisten binne ornaris tige grut. Dat wurdt taskreaun oan 'e koarte ôfstân dy't der yn sokke kriten is tusken sterk ferskillende klimaatsônes. Alle fiif gebieten mei it grutste bioferskaat op 'e wrâld binne dan ek tropyske berchwâlden.
In berchwâld is faak ek in foarm fan beskerming foar de doarpen, it kultuerlânskip en de ynfrastruktuer (wegen, spoarwegen, ensfh.) yn oanbuorjende dellingen. Berchwâlden kinne nammentlik sawol lawines as ierdferskowings foarkomme trochdat de beammen snie tsjinkeare en mei harren bewoarteling de grûn fêsthâlde. Yn sokke gefallen wurdt in berchwâld net kappe foar it hout, mar krekt ûnderholden om it yn in goede kondysje te hâlden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |