Berchblokmies
| Berchblokmies | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Parus monticolus | ||||||||||||
| Vigors, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De berchblokmies (Parus monticolus) is in Aziatyske fûgel út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae) yn it skift fan 'e moskeftigen. De fûgel is nau besibbe oan 'e koalmies.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchblokmies is in mies fan 12,5 sintimeter lang, dy't tige liket op 'e blokmies. Hy hat in swarte krún, in swarte kiel en wite wangen en in swarte lingtestreek oer de midden fan 'e búk. Wat kleur oanbelanget liket er mear op 'e Jeropeeske blokmies as de geografysk tichterby libjende grize blokmies (dy 't faak as ûndersoarte fan 'e blokmies behannele wurdt) mei in oliifgriene boppekant en in giele ûnderkant. Karakteristyk binne lykwols de dûbele wjukbannen. De populaasje yn Súd-Fjetnam hat in hiel brede bân op 'e búk, sadat hast de hiele ûnderkant swart is.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchblokmies wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:
- Parus monticolus monticolus – westlike Himalaya oant westlik Nepal en súdeastlik Tibet
- Parus monticolus yunnanensis – eastlike Himalaya oant noardeastlik Yndia, Birma, westlik Sina en noardwestlik Fjetnam
- Parus monticolus legendrei – súdlik Fjetnam (Da Lat Plato)
- Parus monticolus insperatus – berchbosken fan Taiwan
De berchblokmies is nau besibbe oan 'e blokmies en de grize blokmies; se wurde faak as ien en deselde soarte behannele.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchblokmies briedt yn bercheftige tuskenbeide of subtropyske boskgebieten oant krekt ûnder de 4000 meter hichte. It iten is net goed bekend, mar bestiet út lytse wringeleazen, larven, blomknoppen, fruit, beien en sied. De fûgel briedt tusken febrewaris en july, Hy briedt mar ien kear yn it seizoen, op Taiwan mooglik it hiele jier troch. De soarte is benammen in stânfûgel of in trekker oer hichteferskillen.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de populaasje ôfnimt, mar net sterk genôch om as bedrige beskôge te wurden. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar wurdt omskreaun as frij gewoan of gewoan.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

