Springe nei ynhâld

Berchbijefretter

Ut Wikipedy
berchbijefretter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljebijefretterfûgels (Meropidae)
skaaibijefretters (Merops)
soarte
Merops oreobates
Sharpe, 1892
IUCN-status: net bedrige

De berchbijefretter (Merops oreobates) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

Pearke.

De soarte wurdt 22 sm lang en weaget 17 oant 38 gram. Mantsjes en wyfkes binne allyk. Se ha in griene krún, in swart masker en it kin en de kiel binne giel, dat mei in swarte bân ôfset wurdt, dy't op 'e side mei in wyt plakje einiget. It boarst en de ûnderkant binne readbrún oant kanielkleurich. De boppedielen binne grien en ek de sturt is boppe grien. De fearren ûnder de sturt binne swart mei in wyt ein.

De fûgel komt benammen foar yn 'e berchbosken fan 'e Albertine Rift en de berchbosken fan East-Afrika en de regio's om de Fiktoariamar hinne .

De soarte libbet yn heechlângebieten, meastentiids tusken 1.800 en 2.300 meter en wurdt oantroffen by beboske hellingen en boskrânen, iepen plakken, plantaazjes en tunen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dieet bestiet benammen út huningbijen, mar ek flinters, libellen, krobben en oare fleanende ynsekten. De soarte likt him oan te passen oan feroarjend habitat.

De berchbijefretter hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't de wrâldpopulaasje net kwantifisearre is, wurdt tocht dat dy grut is. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer hat de status fan 'e soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) beöardiele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: