Springe nei ynhâld

Bep van Klaveren

Ut Wikipedy
Bep van Klaveren
sporter
Bep van Klaveren (1928)
Bep van Klaveren (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLambertus van Klaveren
bynammeThe Dutch Windmill
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum26 septimber 1907
berteplakRotterdam
stjerdatum12 febrewaris 1992
stjerplakRotterdam
lingte1.73 m
gewicht57 kg
sportive ynformaasje
sportBoksen
ûnderdielfeargewicht
O.S.Amsterdam 1928
karriêre-ein1956
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928

Lambertus (Bep) van Klaveren berne as Lambertus Steenhorst (Rotterdam, 26 septimber 1907 - Dêre, 12 febrewaris 1992) wie in Nederlânsk bokser.

Bep van Klaveren waard berne as bûtenechtlike soan fan in herbergiersdochter ûnder de namme Steenhorst. Yn 1916 boaske syn mem mei Pieter van Klaveren, wêrnei't Bep de namme fan syn styfheit krige. Nei de basisskoalle wurke Bep by in slachter en bokste er yn syn frije tiid. Doe't hy 16 wie begûn hy serieus te trainen en offisjeel oan wedstriden mei te dwaan.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam, yn de klasse oant 57,15 kg (feargewicht). Nei de Olympyske Spullen waard van Klaveren profesjoneel bokser.

Yn 1935 boaske er mei syn earste frou, nei't hy har út 'e tiid slein hie, waard van Klaveren feroardiele ta in finzenisstraf fan in jier, wêrfan't er 3 moanne útsiet. Van Klaveren kearde werom nei Amearika doe't de Twadde Wrâldkriich útbruts. Nei in pear jier oerseeske tsjinst yn it Nederlânske leger ferfette er syn karriêre en wûn de nasjonale middengewichttitel. Op oanstean fan syn twadde frou, in Australyske ferpleechster, sette er ôf nei Austraalje, dêr't er wurke as sportlearaar, havenarbeider, útsmiter en boksles joech. Nei't ek dat houlik op 'e non rûn, kearde er werom nei Rotterdam. Van Klaveren focht syn lêste wedstriid op 19 maart 1956 en boaske dat jier ek foar de tredde en lêste kear.

Bep van Klaveren ferstoar op 12 febrewaris 1992 yn 'e âldens fan 84 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: