Bennemastate (Kollum)

Ut Wikipedy

Bennemastate wie in state by de buorskip De Pomp, no in doarp. De state soe yn de 14e iuw ûntstien wêze, der is neat fan werom te finen.

Bennema State by De Pomp hat mooglik nea in hegere status hân as ‘eigenerfde state’. Yn in oarkunde út 1441 wurdt sprutsen fan elka guede Bennema. Dat betsjut eat as ‘it goed fan Eelke neamd Bennema’. De state wurdt yn dat jier oanjûn as lizzend yn Colmerlant to Amgadorpe binnendyks. Dit soe letter ‘Kollumerterp’ wurden wêze en frij oersetten ‘doarp yn in streek by streamend wetter’ betsjut, wat yn dit gefal raak typearre is. Hast 220 jier letter, yn 1660, wurdt it goed ‘Bennema-zathe’ neamd op de Uterdiken.

Yn 1529 waard de state fermoedlik bewenne troch Reijndt en Mack Bennema, dy't belanghawwende wienen by de yndiking fan it Krúslân. Yn 1580 komt Binnert Bennema foar as grûnbesitter yn Colmerlant. Letter kaam it yn hannen fan de famylje Fan Ipema, want yn 1660 ferkocht Jr. Hessel fan Ipema it wyls yn in pleats feroare goed oan Pibo fan Doma. Dy lêste wie al sûnt 1640 eigener fan de tichtbylizzende Brongersma ‘state’. Pibo foege de beide pleatsen gear wêrby't Bennema ophâlde te bestean.

Bewenners
  • 1441 Eelke Bennema
  • 1529 Reijndt en Mack Bennema
  • fam. Fan Ipema
  • 1660 Pibo fan Doma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: