Benjamin Samuel Bolomey
Appearance

Benjamin Samuel Bolomey (Lausanne, 19 maaie 1739 - dêre, 19 desimber 1819) wie in Switsersk keunstskilder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bolomey wie in soan fan hotelhâlder François Louis Bolomay en Pernette Mercier.[1] Hy wie learling fan François Boucher yn Parys, dêr't er fan 1751 oant 1762 wenne. Yn 1763 ferfear er nei De Haach, dêr't er fan 1777 ôf direkteur fan Academie Pictura wie. Bolomey wie hofskilder fan erfsteedhâlder Willem V. Hy skildere ferskate portretten fan pommeranten fan syn tiid. Yn 1791 festige er him wer yn Lausanne en waard dêr lid van de Grutte Ried fan Vaud .
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Louis Reymond
-
Frederika Sophia Wilhelmina fan Prusen (1751-1820), oare helte fan Prins Willem V
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Golay, L. e.o. (2001) Benjamin Samuel Bolomey. Een Zwitsers schilder aan het hof van stadhouder Willem V. Swol: Utjouwerij Waanders BV.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Benjamin Samuel Bolomey fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|