Benguelastream
Appearance

De Benguelastream is in kâlde seestream yn 'e súdeastlike Atlantyske Oseaan oan 'e westlike kust fan súdlik Afrika. De stream is fan grut belang foar it klimaat fan 'e regio en foar ien fan 'e rykste see-ekosystemen fan 'e wrâld. De stream rint fan súd nei noard by de kust lâns fan Súd-Afrika, Namybje en foar in part Angoala. De stream ûntstiet by Kaap de Goeie Hope as ôftakking fan 'e Westenwyndrift.
De wettertemperatuer leit faak tusken 10 en 18 °C en dat is útsûnderlik kâld foar it gebiet. Mei't de stream it wetter krêftich opwâlet komt der fiedselryk wetter mei fosfaten, silisaten en nitraten nei boppe, dy't in groei fan plankton fersoarsaket. Dêrom is de rykdom oan fisk lykas sardines en ansjofisk ûnbidich.