Springe nei ynhâld

Benguëla-ielgoes

Ut Wikipedy
Benguëla-ielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaiielguozzen (Phalacrocorax)
soarte
Phalacrocorax neglectus
Wahlberg, 1855
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Benguëla-ielgoes (Phalacrocorax neglectus) is in bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar yn it gebiet fan 'e Benguëlastream, fan Namybje oant de westkust fan Súd-Afrika.

Benguëla-ielgoes.

De Benguëla-ielgoes is in grutte ielgoes, sa'n 76 sm lang, mei in dof brúnswart fearrekleed. Oars as in protte oare ielguozzen hat er gjin felkleurige kielsek.

Yn it briedkleed hawwe folwoeksen fûgels wikseljende hoemannichten wite fearplomkes oan 'e kop. Ek hawwe de fûgels yn 'e briedtiid op 'e stút wite fearren, dy't nei de briedtiid wer ferdwine. De boppekant hat in brûnsgriene glâns, mei donkere rânen oan 'e mantel en de wjukdekfearren. In lytse túf op 'e foarholle liket mear op in lyts bultsje. Jonge fûgels misse de brûnzen glâns yn it fearrekleed.

De Benguëla-ielgoes komt foar yn 'e kustwetters fan Namybje en de westkust fan Súd-Afrika, yn it gebiet fan 'e kâlde Benguëlastream.

De soarte is monotypysk: der wurde gjin ûndersoarten ûnderskieden.

Sibskip fan 'e ielguozzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaanfûgels as takson in parafyletyske groep foarmje.

Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Benguëla-ielgoes libbet oan 'e kust. It fiedsel bestiet út fisk, kreeften, inktfisk en oare weakdieren.

De soarte kin it hiele jier troch briede. Yn it súdlike part fan it ferspriedingsgebiet is de briedaktiviteit it grutst fan maaie oant oktober, wylst dat yn Namybje foaral fan novimber oant april is.

De Benguëla-ielgoes hat in beheind ferspriedingsgebiet en in relatyf lytse wrâldpopulaasje fan mar sa'n 5.000 folwoeksen fûgels. It tal nimt ek sterk ôf. Tusken 1990 en 2006 naam de populaasje alle jierren mei sa'n 4,3% ôf.

De wichtichste bedrigingen binne fersteuring troch minsken, in tekoart oan iten en konkurrinsje mei seehûnen. De IUCN beskôget de soarte dêrom as sterk bedrige (Endangered, EN).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: