Benetice (Světlá nad Sázavou)
| Benetice | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Kraj | ||
| Gemeente | Světlá nad Sázavou | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 15 (2025) | |
| Oerflak | 3,81 km² | |
| Befolkingsticht. | 4 ynw./km² | |
| Hichte | 555 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1375 (earste fermelding) | |
| Postkoade | 582 91 | |
| Netnûmer | +420 | |
| Offisjele webside | ||
| www.benetice.eu | ||
| Kaart | ||
Benetice is in doarp yn 'e regio Vysočina yn Tsjechje. It is in tige lyts doarp dat yn 2026 mear hûzen telde as ynwenners.
It doarp waard foar it earst neamd yn 1375 en ferneamd nei Beňata, de stifter fan it plak. Oarspronklik lei it plak súdeastliker oan 'e beek foar it jachtslot fan Benice oer. Fynsten fan ierdewurkfragminten befestigje dat. Om't de fragminten in soad ha fan fynsten út de kastielen fan Lipnice en Orlík by Humpolec wurdt dat ierdewurk op de 15e of 16e iuw datearre.
Om 1752 waard yn it plakje in glêsfabryk stifte troch Vít Schindler. De glêsfabryk waard yn 1993 sluten. Nei de sluting yn 1993 bleau it gebou in skoft leechstean, mar letter binne guon fan 'e gebouwen brûkt foar oare doelen, lykas rekreaasje.
Yn 1836 waard útein set mei de oanlis fan in wei dy't de stêd Světlá nad Sázavou ferbûn mei Ledeč nad Sázavou. Dy wei rint troch Benetice. Yn 1850 waarden distrikten oprjochte en Benetice hearde ta it distrikt Ledeč nad Sázavou.
Noch net hiel lang lyn wiene al gebouwen yn it doarp fan hout. Op 29 novimber 1936 baarnden ferskillende houten gebouwen ôf en dêrûnder ek de herberch. Sûnt 1956 hat it doarp elektrisiteit.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Benetice (Světlá nad Sázavou) fan Wikimedia Commons. |