Springe nei ynhâld

Benediktus XV

Ut Wikipedy
Benediktus XV
   kristlik lieder
Paus Benediktus XV
Paus Benediktus XV
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1914-1922
foargonger Pius X
opfolger Pius XI
wapen Wapen fan Benediktus XV
wurkpaad
preesterwijing 21 desimber 1878
biskopswijing 22 desimber 1907
kardinaal 25 maaie 1914
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Giacomo Giambattista della Chiesa
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 21 novimber 1854
berteplak Genua
stjerdatum 22 jannewaris 1922
stjerplak Rome

Paus Benediktus XV, bêrne as Giacomo Giambattista della Chiesa (Genua, 21 novimber 1854 - Rome, 22 jannewaris 1922) wie de 258ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1914 oant 1922, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke wilens de Earste Wrâldkriich.

Giacomo waard berne as sechsde bern fan markys Giuseppe della Chiesa. Giacomo waard te betiid berne, dêrtroch wie syn fysike gesteldheid swak. Hy hold dêr de rest fan syn libben in lichaamlike beheining oan oer. Mei troch syn beheining wie it earste part fan it basisûnderwiis thús. Nei't er middelbere oplieding ôfmakke hie, makke er dúdlik, dat er it preesterskip ambiearre. Dat stribjen stjitte lykwols op ferset fan syn heit, dy't foar syn soannen in maatskiplike karriêre foar eagen hie. Yn 1875 studearre Giacomo ôf as doktor yn de rjochten, dêrnei frege er opnij syn heit om tastimming om nei it seminary te meien. Op 21 desimber 1878 waard er ta preester wijd. Giacomo ferfolge syn oplieding oan de "Pontificia Accademia dei Nobili Ecclesiastici", de diplomateoplieding fan de Hillige Sit. Yn 1879 studearre er cum laude ôf oan de Pauselijke Universiteit Gregoriana yn de teology, folge yn 1880 troch it beheljen fan syn doktoraal tsjerklik rjocht.

Giacomo's ynset en tawijing lutsen de oandacht fan Mariano Rampolla del Tindaro, dy't op dat stuit sekretaris fan de Kongregaasje fan Bûtengewoane Tsjerklike Oangelegenheden wie. Troch him waard Giacomo oansteld as assistint binnen de kongregaasje. Yn 1883 waard Rampolla del Tindaro beneamd ta pauslik nuntius fan Spanje. Op syn útnûging gie ek Giacomo nei Madrid. Yn Spanje wie Giacomo ek aktyf as helpferliener by humanitêre rampen, ûnder mear by in ierdbeving dy't Spanje trof en in goalera-epidemy dy't yn it lân hearske.

Yn 1887 folge de beneaming fan Rampolla del Tindaro as kardinaal-steatssekretaris ûnder paus Leo XIII. Giacomo folge syn learmaster op 'e nij en luts nei Rome. Giacomo waard beneamd ta minutant (sekretaris) fan Rampolla, belêstige mei it opstellen en kontrolearjen fan dokuminten.

Mariano Rampolla del Tindaro gou nei de dea fan paus Leo XIII op 20 july 1903 as ien fan de mooglike opfolgers, mei troch syn steat fan tsjinst en syn bekendheid mei de Romeinske Kuery. Rampolla's stelde sympatyen foar de Tredde Frânske Republyk en ek syn tolerânsje oangeande modernistyske bewegingen brochten de Eastenrykske keizer derta om in feto, it "Ius Exclusivae", útsprekke te litten oer de eventuele ferkiezing fan Rampolla. Uteinlik waard Giuseppe Melchiorre Sarto keazen, dy't de namme Pius X oannaam. Ien fan syn earste maatregels wie ôfskaffing fan it fetorjocht fan wrâldlike lieders yn tsjerklike oangelegenheden lykas ferwurde yn `e apostolyske konstitúsje "Commisum Nobis" fan 20 jannewaris 1904. Kardinalen dy't har dochs yn in konklaaf liede lieten troch oanbefellingen fan de roomsk-katolike foarsten waarden op basis fan ien fan de bepalingen út de konstitúsje ekskommunisearje.

De ferkiezing fan Pius X betsjutte ek de ein fan de grutte ynfloed fan Giacomo's learmaster Rampolla, dy't syn funksje fan kardinaal-steatssekretaris ferlear oan Rafael Merry del Val en dêrfoar yn it plak legere funksjes binnen de Kuery krige. Hy waard ûnder oare de aartspreester fan de Sint-Pitersbasilyk en Archivaris fan de Hillige Roomske Tsjerke.

Dochs bleau Giacomo trou oan Rampolla del Tindaro, eat dat binnen de Romeinske Kuery mei arguseagen besjoen waard. Giacomo yn de beneaming ta aartsbiskop fan Bologna op 18 desimber 1907 waard troch kritisy dan ek beskôge as in aksje fan de paus om Giacomo út de buert fan syn learmaster te hâlden. Giacomo waard troch Pius X sels wijd, wêrby't er út hannen fan de paus syn eigen biskoplike ring en kromstêf krige. Op 23 febrewaris 1908 naam er syn yntrek yn it bisdom.

It útbliuwen fan syn beneaming ta kardinaal, in beneaming dy't yn it ferline faak gelyk opgie mei de beneaming ta it aartsbiskoplik amt fan Bologna, wie foar deselde kritisy in teken dat Kueryleden foarkomme woene dat de ynfloed fan de Rampolla-faksje binnen it Kolleezje fan Kardinalen allinne mar tanimme soe. Syn ferheffing ta kardinaal folge pas nei de dea fan Rampolla del Tindaro op 17 desimber 1913. Op 25 maaie 1914 wie de kreaasje fan Giacomo della Chiesa ta kardinaal-preester.

Doe't Bologna weromkaam waard er konfrontearre mei in opstân, rjochte tsjin de Italjaanske monargy en de katolike tsjerke. Dy waard folge troch in algemiene staking, plonderingen en ferwoasting fan tsjerken en de ferwoasting fan telefoanlinen en stasjonsgebouwen.

Earste Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de komst fan de Earste Wrâldkriich kaam ek yn Itaalje de fraach op hokker kant it lân kieze moast. Offisjeel wie Itaalje noch altyd liearre oan Dútslân en Eastenryk-Hongarije. Giacomo beklamme lykwols by it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich dat de katolike tsjerke in neutrale posysje ynnaam. De tsjerke droech allinnich mar frede út en joech eventueel bystân yn stipe fan ferlet.

Paus Pius X ferstoar ûnferwacchts op 20 augustus 1914 oan in hertoanfal. Hoewol't de kriich in wichtich stimpel drukke soe op it konklaaf dat folge op de dea fan Pius X, wiene de kardinalen der har fan bewust, dat de ynfloedssfear fan de tsjerke by it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich marzjinaal wie. In oar wichtich punt foar it konklaaf wie it te fieren tsjerklik belied. Kardinalen út de Romeinske Kuery wiene fan miening dat it belied fan paus Pius X fuortset wurde moast, benammen de striid tsjin it modernisme. Dizze streamingen, dy't benammen oan de ein fan de 19e iuw har opgong makke hiene, waarden sjoen as in bedriging fan de pauslike autoriteit en in ûndermining fan it leargesach fan de tsjerke.

Pius X wie tsjin dizze tendinzen strang optreden en ûnder ynfloed fan Pius' stellingname hie Mgr. Umberto Benigni in netwurk fan geheime ynformanten opset, de "Sodalitium Pianum", dy't it as harren taak seagen oanhingers fan it modernisme op te spoaren en eventueel te ekskommunisearjen. Under de fertochten wiene ûnder oaren de kardinalen Andrea Carlo Ferrari, aartsbiskop fan Milaan, en Pietro Maffi, mar ek de lettere pausen Benediktus XV en Jehannes XXIII.

De oare kardinalen, meastal pastoraal warber binnen de ûnderskate aartsbisdommen, stiene in mear reedlike line foar en wiene ree ta konsesjes. Sy stipen ûnder oaren de kandidatuer fan de kardinalen Giacomo della Chiesa en Pietro Maffi.

It konklaaf begûn op 1 septimber 1914, op de tredde dei fan it konklaaf, yn de tsiende stimming, behelle Giacomo della Chiesa de nedige mearderheid om ta paus keazen te wurden. De ferwachting wie dat Giacomo de namme Leo oannimme soe as earbetoan oan syn foargonger, oan wa't er in grut part fan syn tsjerklike karriêre te tankjen hie. Hy keas lykwols foar Benediktus. Letter soe er taljochtsje, dat syn kar op dy namme fuortkaam út syn bewûndering foar Benediktus fan Nursia, de oprjochter fan de oarder mei deselde namme, en grut foarfjochter fan de wrâldfrede.

Op fersyk fan Benediktus XV sels fûn de kroaning plak op 6 septimber 1914 yn de Sixtijnse Kapel; sjoen de kriicchssituaasje achte er in grutte kroaning yn de Sint-Pitersbasilyk net op syn plak.

Deis nei syn ferkiezing ta paus en noch foar de publikaasje fan syn earste ensyklyk brocht Benediktus XV de apostolyske eksekoraasje "Ubi Primum" út, dêr't er him yn útspruts oer de kriich en de gefolgen dêrfan foar de minskheid. De paus rôp de stridende partijen op om ta besinning te kommen en sa mooglik sels by te dragen ta in flugge ôfrin fan'e kriich. Hy die in oprop oan de lieders fan de stridende lannen om troch ûnderhannelingen ta frede om fierder bloedferjitten tefoaren te kommen.

By in konsistoarje om nije biskoppen te beneamen dat plakfûn op 22 jannewaris 1915 waard it ferrin fan de kriich op 'e nij op it aljemint brocht. Benediktus XV makke dúdlik, dat nettsjinsteande syn hope dat it konflikt fluch ta in ein komme soe, hy sels net by steat wie om him op te smiten as bemiddeler. Reden dêrfoar wie, dat de paus yn sa'n situaasje boppe de partijen stean moast en "alle stridenden mei syn leafde omfetsje moasten". Bemuoienis fan de paus soe opfette wurde kinne as ynminging en dêrmei liede ta haat tsjin de godstsjinst, wêrtroch't ek de tsjerke in protte skea oprinne soe.

Op 9 maaie 1918 fernijde Benediktus XV syn oprop ta frede mei it "motu proprio Quartus Iam Annus". Hy rôp dêryn op om op 29 juny fan dat jier, it Heechfeest fan `e apostelen Petrus en Paulus, Gods help te freegjen om ta ien foar alle belutsenen oannimlike frede te kommen.

Doe't yn novimber 1918 in ein kaam oan de Earste Wrâldkriich wijde Benediktus XV in koarte ensyklyk, "Quod Iam Diu", oan de foarhân fredeskonferinsje. De paus spruts dêryn syn hope út dat de fredesbesprekkingen liede soene ta in wiere frede, en hy rôp alle leauwigen op om troch it gebed Gods help foar in goede ôfrin te smeken.

Al sûnt syn oantreden as paus wie Benediktus XV begien mei it lot fan 'e kriichsslachtoffers en de kriichsfinzenen. Nei de kriich bleau Benediktus XV oproppen ta humanitêre helpaksjes.

Benediktus XV ferstoar hommels op 22 jannewaris 1922 ta gefolch fan gryp, wêrby't er in longûntstekking oprûn. Op útdruklike winsk fan de ferstoarne waard it lichem net balseme en net opbiere yn de Sixtijnse Kapel, sa't wenst wie. Op 26 jannewaris, waard Benedictus stoflik omskot byset yn de Grotte Vaticane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
Pausen yn 'e 20ste iuw

Pius X · Benediktus XV · Pius XI · Pius XII · Jehannes XXIII · Paulus VI · Jehannes Paulus I · Jehannes Paulus II


· · Berjocht bewurkje