Springe nei ynhâld

Benediktus IX

Ut Wikipedy
Benediktus IX
   kristlik lieder
Paus Benediktus IX
Paus Benediktus IX
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1. 1032-1044
2. 1045-1046
3. 1047-1048
foargonger 1. Jehannes XIX
2. Silvester III
3. Klemins II
opfolger 1. Silvester III
2. Gregoarius VI
3. Damasus II
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Teofylaktus III fan Tuskulum
berteplak Rome
stjerplak Grottaferrata

Paus Benediktus IX, berne as Teofylaktus III fan Tuskulum (RomeGrottaferrata) wie paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1032 oant 1044, fan 1045 oant 1046 en fan 1047 oant 1048. Hy wie de jongste paus ea, hy wie earne tusken de 12 en de 18 jier âld doe't er foar it earst ta paus keazen waard. Syn heit Alberich soe it Petrusambt nei de dea fan paus Jehannes XIX troch omkeaperij foar syn soan ferkrigen hawwe. Keizer Koenraad II erkende Benediktus IX as rjochtmjittich ferkeazen paus.

It hâlden en dragen fan Benediktus hat net bysûnder stichtlik west. Yn septimber 1044 waard er troch de befolking fan Rome ferdreaun sadat syn broer greve Gregoarius II fan Tuskulum him ta help komme moast en de oarder werstelle. Yn jannewaris 1045 waard Jehannes fan Sabina útroppen ta paus Silvester III, mar yn maart siet Benediktus IX alwer yn Rome. Silvester III waard nei syn oarspronklike biskopssit yn Sabina ferdreaun. Blykber koe Benediktus IX de oarder lykwols net mear werstelle, sadat er besleat syn amt op 1 maaie 1045 foar sulver te ferkeapjen oan syn peetomke Gregoarius VI en dêrmei foar de twadde kear syn setel kwyt te wêzen.

Mids 1045 rûnen der yn Itaalje dus trije pausen om. Under ynwurking fan de herfoarmingsbeweging fan Cluny, dy't yn de 11e iuw pleite tsjin omkeaperij en Nicolaïsme (ôfwizing fan it preesterselibaat) besleat Hendrik III, sûnt 1046 keizer, skjin skip te meitsjen. Under syn oanwizingen kaam de Synoade fan Sutri op 20 desimber 1046 yn Sutri byinoar, dêr't de pausen Silvester III en Gregoarius VI beiden ôfset waarden. Op de ferfolchsitting fan 23 en 24 desimber yn Rome waard as lêste ek Benediktus IX ôfset. Op de synoade waard Hendrik III it privileezje takend om kandidaten te beneamen. It ôfsetten fan Benediktus IX waard fuortendaliks folge troch de beneaming fan paus Klemins II. In dei letter kroande de nije paus Hendrik III en syn frou Agnes fan Poitou ta keizer en keizerinne.

Nei de dea fan Klemins II op 9 oktober 1047 luts Benediktus IX mei help fan markgreve Bonifatius III fan Toskane Rome binnen en ferklearre him ta rjochtmjittige paus. It yngripen fan keizer Hendrik III troch de beneaming fan Poppo fan Brixen ta paus Damasus II hie yn earste ynstânsje gjin gefolch, omdat Poppo der net yn slagge Rome yn te kommen. Om de driging fan in keizerlike fjildtocht tsjin de markgreve fan Toskane ôf te kearen, moast Bonifatius Poppo fan Brixen nei Rome bringe. Op 16 july 1048 teach Damasus II Rome yn. Dêrop wie Benediktus IX syn amt foar de tredde kear kwyt.

It is net wis wêrom't er yn 1048 besleat fan de pauslike troan ôf te sjen. Der wurdt spekulearre dat er jild krigen hawwe soe. Oare boarnen beweare dat er út skamte foar syn losbannige libben ôfstân fan it pausdom die. Hy luts him úteinlik yn in kleaster yn Grottaferrata werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
Pausen yn 'e 11e iuw

Jehannes XVII · Jehannes XVIII · Sergius IV · Benediktus VIII · Jehannes XIX · Benediktus IX · Silvester III · Benediktus IX · Gregoarius VI · Klemins II · Benediktus IX · Damasus II · Leo IX · Fiktor II · Stefanus IX (X) · Nikolaas II · Aleksander II · Gregoarius VII · Fiktor III · Urbanus II · Paskalis II


· · Berjocht bewurkje