Beaufort-Wes
| Beaufort-Wes | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Súd-Afrika | |
| Provinsje | West-Kaap | |
| Distrikt | Sintraal-Karoo | |
| Gemeente | Beaufort-Wes | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 32.192 (2022)[1] | |
| Oerflak | 42,90 km² | |
| Hichte | 850 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1818 | |
| Postkoade | 6970 | |
| Netnûmer | +27 23 | |
| Tiidsône | UCT+2 (SAST) | |
| Kaart | ||
Beaufort-Wes is in stêd yn 'e provinsje West-Kaap fan Súd-Afrika. It is it grutste plak yn 'e Grutte Karoo en stiet dêrom ek wol bekend as de "Haadstêd fan 'e Karoo". De stêd leit oan 'e N1-snelwei, de haadrûte tusken Kaapstêd en Johannesburch.
De stêd waard yn 1818 stifte en is ferneamd nei de hartoch fan Beaufort, de heit fan Lord Charles Somerset, dy't doe gûverneur fan 'e Kaapkoloanje wie. Beaufort-Wes hat in bysûndere histoaryske status: yn 1837 waard it de alderearste gemeente (municipality) fan Súd-Afrika.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beaufort-Wes is it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Njonken de stêd sels falle ek in pear oare lytse plakken ûnder dit bestjoer:
- Merweville: in lyts, skildereftich doarpke fierder de Karoo yn.
- Nelspoort: bekend om syn histoarysk sanatoarium en rotstekeningen fan 'e San.
Ekonomy en Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beaufort-Wes leit tige gaadlik oan 'e N1, de wichtichste ferbining fan Kaapstêd nei Jehannesburch. In soad reizgers ûnderweis nei ien fan dy stêden hâlde hjir skoft of tanke hjir by ien fan 'e grutte tankstasjons. De ekonomy wurdt njonken tsjinsten ek bepaald troch de agrarsyke sektor, dy't fral út it hâlden fan skiep foar wol en fleis (it ferneamde Karoo-lam) bestiet.
Foar toeristenis it plak bekend om 't de stêd de tagong foarmet fan it Nasjonaal Park Karoo, dat fuort oan 'e stêd grinzget en it unike ekosysteem fan 'e Karoo beskermet
Beaufort-Wes is it berteplak fan 'e ferneamde hertsjirurch Christiaan Barnard, dy't yn 1967 de earste herttransplantaasje op 'e wrâld útfierde. Syn heit wie hjir dûmny en de âlde pastorije is no in museum.
De stêd hat in ferskate histoaryske gebouwen yn 'e Kaapsk-Hollânske en Viktoariaanske styl.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan 2022 hat de stêd Beaufort-Wes (it stedsgebiet) 32.192 ynwenners. Dat is in lichte delgong fergelike mei 2011 (doe 34.085), wat benammen komt troch de oanhâldende drûchte en de trek fan de befolking nei de grutte stêden yn de West-Kaap. Neffens de sifers fan 2022 bestiet de befolking foar it grutste part út kleurlingen (70%), folge troch swarten (18%) en blanken (11%).
De meast sprutsen taal is mei ôfstân it Afrikaansk, dat troch mear as 80% fan de ynwenners as memmetaal brûkt wurdt. Dêrneist wurde Xhosa en Ingelsk praat.
Wetterkrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beaufort-Wes leit yn in tige drûch gebiet en hat de lêste jierren te krijen hân mei slimme wettertekoarten. De Gamkarivier, dy't troch de stêd rint, stiet it grutste part fan it jier drûch. De stêd is foar syn wetterfoarsjenning hieltyd mear ôfhinklik fan boargatten en it opfangen fan reinwetter yn 'e Gamkadam.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
