Springe nei ynhâld

Beantsje fan it Jier

Ut Wikipedy
Beantsje fan it Jier
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar ynset foar Koudum
útrikt troch Doarpsbelang
frekwinsje 1x jiers
datum Koudumer feestwike yn novimber
plak doarpshûs de Klink
1e útrikking 1989
offisjele webside
Webstee Koudum

De priis Beantsje fan it Jier wurdt elk jier keazen troch de befolking fan Koudum. De priis is foar Koudumers dy’t har op ien oft oare wize bysûnder foar it doarp ynsetten hawwe. Dizze krijt in Sulveren Beantsje-ynsynje opspjelde en mei him in jier lang Beantsje fan it Jier neame. De namme wurdt dan byskreaun op de earelist dy’t yn doarpshûs De Klink hinget. Elts kin in stim útbringe op in eigen kandidaat. De sjuery bestiet út de redaksje fan Koudumer doarpskrante “Bulte Nijs”. "Willem en Pé" wienen de earste Koudumers dy't de earetitel Beantsje fan it Jier opspjilde krigen hawwe. Dit wie in spontane aksje fan buertferiening "Station de Zwarte Haan", op in doarpsjûn ta gelegenheit fan Keninginnedei. Willem en Pé binne huldige foar harren ynset as "regelateurs" by de jierlikse optocht yn de feestwike. It jier derop hat Station de Swarte Haan, no op fersyk fan it bestjoer fan Doarpsbelang, de útrikking opnij regele. It tredde beantsje waard beneamd nei de earste offisjele ferkiezing troch de ynwenners. Doarpsbelang liet de stimbiljetten doar oan doar besoargje mar hie gjin fierdere bemuoienis. De redaksje fan Bulte Nijs foarme de jury. Sa is it dernei oant no ta altyd gien.

Faak binne de winners aktyf op in breed flak, mar wurde guon fan harren aktiviteiten ekstra foar it fuotljocht helle:

Jier Winner foar en ek foar
2021 Ulfert de Jong ynset foar de Koudumer mienskip
2020
2019 Joeke de Lange Doarpsbelangen
2018 Uilke de Vries winkeliersferiening ringstekken
2017 Pietie de Boer direktrise Koudum Foarút trommelkoekbakster en gastfrou
2016 Sierd de Boer bestjoerslid organisator
2015 Durk Venema
2014 Cornelis Bergsma en Pieter Boschma
2013 Marie Bergsma Pries
2012 Jan de Vries
2011 Johannes Haanstra frijwilligerswurk tentoanstellingsorganisator
2010 Piet Zonderland Doarpsbelang
2009 Piet Hobma
Sietze van der Wal
promoasje fan
Koudumer beantsjes
2008 Gerben Zwerver Moarreplan Doarpsfernijing
2007 Hindrik de Jong Nostalgysk Album webside Koudum
2006 Herma Bovenkerk byldhouwurk
2005 Rienk Pel Flechtlingenwurk Wrâldwinkel
2004 Maurits Hettinga Doarpshûs Doarpsbelangen
2003 Pier en Gryt de Jong De Klink Sândobbe
2002 Sake de Boer Reade Krús EHBO
2001 Klaaske Pries Tsjerke Simmer 2000
2000 Wiebe Postma Simmer 2000 Wettersport
1999 D. Smits
1998 Teuni Venema-Galema Plattelânsfroulju
1997 Rinnie en Ali Schreur S.C Oeverzwaluwen
1996 Klaas de Vries Muzykkorps
1995 Hennie Sinnema-van Veen EHBO Reade Krús
1994 Jannie Vonk-Bakker De Klink
1993 Durk Bloem aldereinsoas
1992 Gerrit Folkertsma
Jan Hoekstra
Ulbe Postma
fûnsewinners muzykkorps
1991 Jannie Faber-Dijk help ynfalide buorfrou
1990 Piebe de Vlugt muzyk ynset foar oaren
1989 Petrus de Lange
Willem de Hoop
jierlikse optocht

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: