Springe nei ynhâld

Beamiisfûgels

Ut Wikipedy
beamiisfûgels
Javaanske iisfûgel (Halcyon cyanoventris)
Javaanske iisfûgel (Halcyon cyanoventris)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje: iisfûgels (Alcedinidae)
ûnderfamylje: beamiisfûgels (Halcyoninae)
Vigors, 1825

De beamiisfûgels (wittenskiplike namme: Halcyoninae, synonym: Daceloninae) foarmje in ûnderfamylje fan it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes) en de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre sa'n 70 soarten, wêrfan't de kookaburra (Dacelo novaeguineae) út Austraalje faaks de bekendste is. De fersprieding beslacht fral Australaazje en Súd- en Súdeast-Aazje, mar beamiisfûgels komme ek foar yn Afrika en op 'e eilannen fan Oseaanje en de Yndyske Oseaan.

De wittenskiplike namme fan 'e beamiisfûgels wurdt gauris jûn as Daceloninae, dat yn 1841 yntrodusearre waard troch de Italjaansk-Frânske ornitolooch en taksonoom prins Karel Lusiaan Bonaparte. Mar de namme Halcyoninae waard al yn 1825 yntrodusearre troch de Ierske ornitolooch Nicholas Aylward Vigors en hat dêrom prioriteit.

De beamiisfûgels binne ien fan trije ûnderfamyljes yn 'e famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinindae). De oare beide binne de rivieriisfûgels (Alcedininae) en de wetteriisfûgels (Cerylinae). Ta de beamiisfûgels hearre sa'n 70 soarten, dy't ferdield binne oer 11 skaaien.

Untstean en fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beamiisfûgels lykje ûntstien te wêzen op it fêstelân en de eilannen fan Súdeast-Aazje, om har dêrwei te fersprieden nei oare dielen fan 'e wrâld. Tsjintwurdich komme se benammen foar yn Austraalje, op Nij-Guineä en de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel en op it fêstelân fan Súd- en Súdeast-Aazje, mar beamiisfûgels komme ek foar yn Afrika en op 'e eilannen fan Oseaanje en de Yndyske Oseaan. Se libje yn in ferskaat oan biotopen fan tropysk reinwâld oant iepen bosken.

De beamiisfûgels binne koart-sturte, grutkoppige, kompakt boude fûgels mei lange, spitse snaffels. Lykas by oare rôldereftigen is it fearrekleed fel fan kleur. Ornaris binne beamiisfûgels monogaam en territoriaal, en nêstelje se yn beamholten of termitenêsten. It brieden wurdt troch beide âlden dien, en tegearre fuorje se ek de piken, dy't nêstbliuwers binne en helpleas, blyn en keal út it aai komme. It lizzen fan 'e aaien wurdt om 'e dei dien, sadat by itenskrapte inkeld de âldere, sterkere pyk fretten kriget en de jongere ferkomt.

Hoewol't guon beamiisfûgels ôfhinklik binne fan 'e oanwêzigens fan oerflaktewetter yn 'e foarm fan beken, puollen of sompen, hawwe se har net spesjalisearre ta it fretten fan fisk. De measte soarten dûke fan in hege sit ôf op proai (yn it wetter of op it drûge), en ite fral stadige wringeleazen of lytse wringedieren.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.