Bayawever
| Bayawever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ploceus philippinus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Ferspriedingsgebiet fan 'e Bayawever. |
De Bayawever (Ploceus philippinus) is in lytse oant middelgrutte weverfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De fûgel libbet yn Súd- en Súdeast-Aazje en is ien fan 'e bekendste wevers fanwegen syn bjusterbaarlike nêstbou yn grutte koloanjes.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bayawevers wurde likernôch 15 sm lang en it mantsje hat yn it briedkleed in giele kroan, in donkerbrún masker en in swartbrune snaffel. De rêch is brún mei ljochtere streekjes en fan ûnder is de fûgel ljochter. Wyfkes en net-briedende mantsjes binne folle ûnopfallender: brúngrien mei streekjes.
De snaffel is koart, koanysk en krêftich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bayawevers komme foar yn in grut part fan Súd-Aazje, fan Pakistan, Nepal, Yndia en Sry Lanka oant Yndoneezje. Hy libbet yn iepen lânskippen, rysfjilden, greiden, parken en oan wetterkanten.
Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
- Ploceus philippinus philippinus - Pakistan, Yndia, net it súdwesten en noardeasten, Sry Lanka en Súd-Nepal
- Ploceus philippinus travancoreensis - Súdwest Yndia
- Ploceus philippinus burmanicus - Bûtan, Noardeast-Yndia en Bangladesj oant Myanmar en Súdwest-Sina
- Ploceus philippinus angelorum - Tailân en Súd-Laos)
- Ploceus philippinus infortunatus - Súd-Fjetnam, it skiereilân Malakka, Sumatra, Java en Baly.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mantsje bout it typyske wevernêst: in hingjend, flessefoarmich nêst fan gers en blêden, faak boppe wetter. De nêsten hingje meast yn groepen yn 'e selde beam. As it mantsje in begjin makke hat en it wyfke tefreden is mei de lokaasje en it nêst, wurket it er it nêst fierder ôf.

It binne sosjale fûgels, dy’t faak yn grutte groepen libje en briede.
Sied (lykas rys en weet) mar ek ynsekten foarmje syn iten. Ynsekten wurde fral yn 'e briedtiid iten.
Bayawevers libje ek by minsken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Reade list fan 'e IUCN wurdt de Bayawever net bedrige (Least Concern). De populaasje is tige grut en it ferspriedingsgebiet beslacht in breed part fan Súd- en Súdeast-Aazje.
Yn it generaal binne der gjin grutte bedrigingen, mar ferlies fan habitat troch stedsútwreiding en yntinsive lânbou, pestisiden en ferfolging op rysfjilden en de fangst út it wyld kinne lokale bedrigingen foarmje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd 'Baya' komt út it Hindy/Bingaalsk (baayaa of bayaa), dat al iuwen brûkt wurdt foar dizze fûgel. Yn 'e etymology wurdt Baya weromfierd op it Hindy बया (bayā) en Bengaalsk বায়া (bāẏa), beide oantsjuttings foar de wever. Dy foarm komt op syn beurt wer út it Prakryt of út in âldere Yndo-Aryske stamfoarm. Al yn 'e 18e en 19e iuw brûkten Ingelske natuerûndersikers yn Yndia de namme Baya of Bayya, sa’t se dy út de lokale talen oppikten. Bygelyks Thomas C. Jerdon brûkte dy foarm yn syn "The Birds of India" (1862).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Wever (fûgelskaai)
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
