Springe nei ynhâld

Battle of the Sexes (film)

Ut Wikipedy
Battle of the Sexes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJonathan Dayton
Valerie Faris
produsintChristian Colson
Danny Boyle
Robert Graf
senarioSimon Beaufoy
kamerarezjyLinus Sandgren
muzykNicholas Britell
filmstudioDecibel Films
Cloud Eight Films
distribúsjeFox Searchlight Pictures
spilers
haadrollenEmma Stone
Steve Carell
byrollenAndrea Riseborough
Sarah Silverman
Bill Pullman
Alan Cumming
Elisabeth Shue
Austin Stowell
Natalie Morales
Jessica McNamee
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre2 septimber 2017
foarmlangspylfilm
sjenresportfilm
taalIngelsk
spyltiid121 minuten
budget en resultaten
budget>$25 miljoen
opbringst$18,4 miljoen

Battle of the Sexes is in Amerikaansk-Britske histoaryske biografyske sportfilm en komeedzjedramafilm út 2017 ûnder rezjy fan Jonathan Dayton en Valerie Faris, mei yn 'e haadrollen Emma Stone en Steve Carell. De titel betsjut "Striid tusken de Seksen". De plot fan 'e film is basearre op 'e wiere foarfallen omtrint de saneamde Battle of the Sexes, in tenniswedstryd tusken de Amerikaanske tennissers Billy Jean King en Bobby Riggs, dy't plakfûn yn 1973. Riggs, dy't himsels omskreau as in "seksist", hold út dat froulju it yn it tennis altyd ferlieze soene fan manlju, om 'e ienfâldige reden dat dy no ienris better en sterker binne. Hy fûn dêrom dat froulike tennissers minder betelle krije moasten as harren manlike wjergaders. King, de bêste en meast foaroansteande Amerikaanske tennisster fan har generaasje, besleat te bewizen dat Riggs mis wie troch in live op 'e tillefyzje útstjoerde wedstryd tsjin him te spyljen dy't it hiele lân yn 'e besnijing hold. Battle of the Sexes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar kaam yn 'e bioskopen net út 'e reade sifers.

Yn 1970 reitsje de Amerikaanske prof-tennisster Billy Jean King en har manager Gladys Heldman yn konflikt mei tennispromoater Jack Kramer. Dyselde hat in tennistoernoai organisearre mei prizen yn jild foar de winners, mar de haadpriis by de froulju is mar in achtstepart fan 'e haadpriis by de manlju, nettsjinsteande dat foar it frouljustoernoai likefolle tagongskaartsjes ferkocht wurde as foar it manljustoernoai. King en Heldman driigje harren eigen tenniskompetysje te begjinnen, mar Kramer wegeret en lûk de prizen gelyk, mei't neffens him frouljustennis dúdlik ynferieur is oan manljustennis. Dêrop begjinne King en har meistanners in eigen kompetysje, dy't him letter ûntjaan sil ta de WTA Tour. Sy en de oare acht oarspronklike spylsters yn dy kompetysje, Peaches Bartkowicz, Rosy Casals, Judy Tegart Dalton, Julie Heldman, Kristy Pigeon, Kerry Melville Reid, Nancy Richey en Valerie Ziegenfuss, komme sadwaande bekend te stean as de 'Original 9'. De reäksje fan Kramer is om harren de tagong te ûntsizzen ta wedstriden dy't organisearre wurde troch de U.S. Lawn Tennis Association.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens hat Billie Jean King har eigen swierrichheden yn 'e priveesfear. Sy is lesbysk yn in tiid wêryn't soks net akseptearre wurdt en dêrom geheim holden wurde moat, en se is troud mei in man, Larry, mei wa't se befreone is ynstee dat se har seksueel ta him oanlutsen fielt. Wylst de frouljuskompetysje yn it begjin muoite hat om publyk en mear spylsters as de Original 9 te lûken, begjint King in affêre mei har hierknipster Marilyn Barnett. Larry kriget dêr al rillegau lucht fan en de sitewaasje bedriget it fuortbestean fan harren houlik.

Bobby Riggs is in profesjonele tennisser dy't mei in leeftyd fan 55 jier it hichtepunt fan syn karriêre al lang efter him litten hat. Syn houlik mei de rike Priscilla Whelan stiet ek faai troch syn gokferslaving. Wannear't it him net slagget en ferbergje in Rolls Royce dy't er wûn hat mei in tennisweddenskip, goait syn frou him út it hûs. Sûnder it jild fan syn frou om syn lúkse libbensstyl te finansieren moat Riggs wat betinke om himsels te ûnderhâlden. Sa komt er op it idee om in wedstryd te spyljen tsjin 'e bêste froulike tennisser, mei't er opskept dat er sels op syn leeftyd noch eltse frou op 'e tennisbaan ferslaan kin. Sa't him eigen is, set er it ûnderskie skerp oan troch himsels ta in "seksistyske baarch" te ferklearjen.

De frouljuskompetysje wurdt stadichoan sterker, en yn 1973 wurdt de Women's Tennis Association (WTA) oprjochte as organisator fan 'e kompetysje. King is no dúdlik de bêste Amerikaanske tennisster fan har generaasje, en Riggs besiket har ûnder druk te setten om it tsjin him op te nimmen. Mar King fielt dêr hielendal neat foar, om't se Riggs sjocht as in clown dy't har nei syn betinklike nivo fan entertainment delhelje wol. Wannear't King ferslein wurdt troch de Australise Margaret Court, dy't dêrtroch op 'e earste plak komt te stean op 'e ranglist fan bêste tennissters fan 'e wrâld, slagget it Riggs om Court oer te heljen ta in wedstryd. Dy wurdt yn maaie 1973 spile. Riggs ferslacht Court mei gemak, sadat alle foaroardielen fan manlju oer it frouljustennis befêstige wurde.

Dat soarget foar yntinse argewaasje by King, dy't no yn twastriid stiet. As se neat docht, driget alles ôfbrutsen te wurden dêr't se al jierren foar striidt. Mar se is bang dat as se taseit tsjin Riggs te spyljen, se meisleept wurde sil yn syn sirkus en se har status as serieuze sportster ferlieze sil. Ien en oar liedt ta in tydlike brek yn 'e relaasje tusken har en Marilyn. Uteinlik beslút King om 'e útdaging fan Riggs oan te nimmen, mar se stelt as betingst dat se sizzenskip hawwe moat oer alle aspekten fan 'e te spyljen wedstryd. Wannear't Riggs Jack Kramer as kommentator hawwe wol, sprekt King dêr har feto oer út. Se driget de hiele boel net trochgean te litten as Kramer him net weromlûkt, wat er úteinlings mei tsjinnichheid en sûnder folle graasje docht.

Wylst King yntins oefenet yn tarieding op 'e wedstryd, dy't yn 'e media promoate wurdt as de Battle of the Sexes, nimt Riggs syn gemak om't er him bedrage lit troch syn maklike oerwinning op Court. Fjirtjin dagen foar de wedstryd kriget King de gryp en moat se dagenlang it bêd hâlde. Tsjin 'e tiid dat de wedstryd spile wurdt, is se noch altyd wat ferswakke. Wannear't Marilyn op 'e tillefyzje oer har swierrichheden heart, bejout se har nei Houston, dêr't de Battle of the Sexes holden wurde sil. Flak foar it begjin fan 'e wedstryd fermoedsoenje de froulju har mei-inoar. De wedstryd begjint foar King muoisum, mar al rillegau lit se Riggs alle kant fan 'e baan sjen. It laitsjen fergiet him as syn leeftyd en syn tekoart oan training him begjinne op te brekken. King faget de flier mei him oan. Se wint eltse set en úteinlik ek de wedstryd, en feroaret dêrmei de takomst fan it frouljustennis yn 'e Feriene Steaten. Neitiid lûkt se har werom yn 'e klaaikeamer foar in yntinse emosjonele ûntlading, wylst Riggs yn syn eigen klaaikeamer treastge wurdt troch syn frou Priscilla, dy't har mei him fermoedsoenet.

Troch yn byld brochte tekst wurdt neitiid ferteld dat King úteinlik yn 'e 1980-er jierren fan har man Larry skiede en nije leafde fûn yn in iepentlike lesbyske relaasje mei in oare frou. Se bleau befreone mei Larry en wie de peetmuoike fan syn bern út syn eigen twadde houlik. King stie oan 'e top fan it Amerikaanske frouljustennis oant se yn 1990 ophold mei profesjonele sport. Riggs en Priscilla bleaune harren hiele libben byinoar, mar it slagge Riggs nea om fan syn gokferslaving ôf te kommen.

Emma Stone.
Steve Carell.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Billie Jean King Emma Stone
Bobby Riggs Steve Carell


byrollen
personaazje          akteur/aktrise
Marilyn Barnett Andrea Riseborough
Gladys Heldman Sarah Silverman
Jack Kramer Bill Pullman
Ted Tinling Alan Cumming
Priscilla Riggs Elisabeth Shue
Larry King Austin Stowell
Rosie Casals Natalie Morales
Margaret Court Jessica McNamee
Rheo Blair Fred Armisen
Larry Riggs Lewis Pullman
Peaches Bartkowicz Martha MacIsaac
Valerie Ziegenfuss Mickey Sumner
Julie Heldman Bridey Elliott
Lornie Kuhle Eric Christian Olsen
Henry Wallace Langham
Barry Court James Mackay
Nancy Richey Lauren Kline
Kristy Pigeon Ashley Weinhold
Judy Tegart Dalton Fidan Manashirova
Kerry Melville Reid Kaitlyn Christian

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Battle of the Sexes waard as filmprojekt oankundige yn april 2015, fuort al mei Emma Stone en Steve Carell cast yn 'e haadrollen fan Billy Jean King en Bobby Riggs. It wie harren twadde gearwurking nei Crazy, Stupid, Love (2011). In skoftke liek it derop dat Stone troch oare ferplichtings Battle of the Sexes oan har foarbygean litte moatte soe, en Brie Larson waard frege om har te ferfangen. Mar de dûbele ynplanning yn 'e aginda fan Stone waard oplost en Larson har meiwurking oan 'e film wie doe gjin ferlet mear fan.

It Westin Bonaventure Hotel yn it sintrum fan Los Angeles wie in filmlokaasje foar Battle of the Sexes.

De film waard makke troch it regisseursduo Jonathan Dayton en Valerie Faris nei in senario fan Simon Beaufoy. As produsinten wiene Christian Colson, Danny Boyle en Robert Graf by it projekt belutsen foar de filmstudio's Decibel Films en Cloud Eight Films. Battle of the Sexes wie dêrmei in Amerikaansk-Britske ko-produksje. It budget foar de film waard net persiis bekendmakke, mar lei boppe de $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Linus Sandgren, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nicholas Britell.

Boarne foar filmlokaasjes: Internet Movie Database (IMDb).

De opnamen foar Battle of the Sexes setten op 13 april 2016 útein en einigen nei 35 draaidagen yn ein maaie fan dat jier. De sêne wêryn't Marylin en Larry King inoar moetsje yn 'e lift fan in hotel waard filme yn it Westin Bonaventure Hotel yn 'e binnenstêd fan Los Angeles. De sêne wêryn't Billie Jean King en de oare leden fan 'e Original 9 mei harren oanhing de wedstryd tusken Bobby Riggs en Margaret Court folgje op lytse ynwerptillefyzjetsjes op in lofthaven, waard filme yn 'e âlde terminal op 'e Ynternasjonale Lofthaven Ontario yn Ontario (Kalifornje).

De Ynternasjonale Lofthaven Ontario yn Ontario (Kalifornje) wie in filmlokaasje foar Battle of the Sexes.

De wedstryd tusken Riggs en Billie Jean King waard opnommen yn it StubHub Tennis Center yn Carson (Kalifornje), dat sûnt 2019 (nei it feroarjen fan sponsor) de namme Dignity Health Sports Park draacht. Dêrby wiene by de bylden op ôfstân de echte tennissers Kaitlyn Christian en Vince Spadea belutsen as de body doubles foar Emma Stone, resp. Steve Carell. Oare dielen fan 'e film waarden opnommen yn Hollywood, San Diego en Simi Valley.

De distribúsje fan Battle of the Sexes waard fersoarge troch Fox Searchlight Pictures. De film gie op 2 septimber 2017 op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado yn premiêre, en wie dêrnei op 10 septimber ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en op 7 oktober op it BFI-Filmfestival fan Londen. Battle of the Sexes iepene op 22 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. Battle of the Sexes kaam op 19 desimber 2017 beskikber as digitale download en waard op 2 jannewaris 2018 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Battle of the Sexes oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 316 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Battle of the Sexes makket fan wiere foarfallen in [...] goed aktearre komeedzjedrama dat fermaak biedt". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Battle of the Sexes in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 46 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore, joegen Battle of the Sexes in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Yn it Stubhub Tennis Center yn Carson (Kalifornje), no it Dignity Health Sports Park, waard de tenniswedstryd tusken Billy Jean King en Bobby Riggs filme.

Battle of the Sexes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $12,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $18,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan mear as $25 miljoen betsjut dat in ferlies fan teminsten $6,6 miljoen, dêr't de marketingkosten noch oerhinne komme.

Emma Stone waard foar har fertolking fan 'e rol fan Billie Jean King nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje, foar de Satellite Award foar bêste aktrise en foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste aktrise yn in komeedzje. Steve Carell waard foar de rol fan Bobby Riggs nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje, de Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur en foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste akteur yn in komeedzje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.