Baton (ûnderskieding)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In baton (fan it Frânske baton) is in langwerpich stikje stof, dat de kleuren fan in ûnderskieding of ridderoarder hat en op it rjochterboarst fan it jaske fan in militêr unifoarm droegen wurde kin om kenber te meitsjen dat men yn it besit is fan dyselde ûnderskieding of ridderoarder. Soks wurdt ek wol in lintsje neamd, hoewol't it dat eins net is. Yn batons wurde faak mei rozetten of lytse stikjes goud- of sulvergalon de rang binnen in ridderoarder oanjûn, in gebrûk dat weromgiet oant yn 'e lette njoggentjinde iuw. Tsjinwurdich wurde dêrta ek wol fersiersels lykas palmtûken, swurdsjes, kroantsjes en stilearre roaskes oanbrocht.

De baton fan in lid fan 'e Oarder fan Kanada.

Oant yn 'e achttjinde iuw waarden ûnderskiedings yn prinsipe op deistige basis yn har folsleinens droegen, d.w.s. oan in lint om 'e nekke, oan in lintsje yn it knoopsgat of oan in grutlint oer it skouder op 'e heup. Under de Frânske Tiid waard heareklean stadichoan soberder, mei as gefolch dat men begûn om in lyts lintsje of rozet yn 'e kleur fan it eigentlike lint fan 'e ûnderskieding op it unifoarm of de boargerjas te dragen. Soks wie ek praktysker, mei't men dan net eltse dei it hiele spul mei hoegde te tôgjen. Meitiid ûntjoech him hjirút it gebrûk om ûnderskiedings en ridderoarders werom te bringen ta in baton. Hjoed oan 'e dei wurde batons eins inkeld brûkt troch militêren; it is net mear wizânsje dat boargers batons op har klean oanbringe, mei't it foar boargers ynstee foechsumer achte wurdt om in lyts strikje of in rozetsje te dragen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.