Bate's lytse mûs
| Bate's lytse mûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Mus bateae | ||||||||||||
| Mayhew, 1977 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl)
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Bate's lytse mûs of de lytse batemûs (wittenskiplike namme: Mus bateae) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), it skaai fan 'e echte mûzen (Mus) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e echte mûzen (Mus). Dit bistke kaam fan 'e ein fan it Mid-Pleistoseen oant it begjin fan it Let-Pleistoseen foar op it Grykske eilân Kreta. It soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme (bateae) is in ferneaming nei de Welske paleöntologe Dorothea Bate.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e echte mûzen (Mus) waard op Kreta yn 'e prehistoarje fertsjintwurdige troch twa soarten, dy't bekend steane as Bate's lytse mûs (Mus bateae) en Bate's grutte mûs (Mus minotaurus). Bate's lytse mûs wie de ierste fan 'e beide, dy't tsjin 'e ein fan it Mid-Pleistoseen (likernôch 1 miljoen jier lyn) op it eilân ferskynde en dêr troch konkurrinsje de jongere Kretinzyske reuzerôt (Kritimys catreus) ta útstjerren dreau.
Fossilen fan Bate's lytse mûs en de jongere Kretinzyske reuzerôt binne tegearre oantroffen yn deselde sedimintlaach yn 'e Stavrosgrot, wat bewiist dat de besteansperioaden fan 'e beide soarten inoar oerlapen. Bate's grutte mûs ûntjoech him yn it Let-Pleistoseen (omtrint 600.000 jier lyn) troch evolúsje út Bate's lytse mûs.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is dat Bate's lytse mûs him troch evolúsje ûntwikkele út in lytse populaasje fan 'e gewoane hûsmûs (Mus musculus), dy't yn it Mid-Pleistoseen isolearre rekke wie op Kreta. It komôf fan 'e Bate's mûzen lit in dúdlike niging ta eilânreuzegroei sjen, mei't Bate's lytse mûs al wat grutter wie as de hûsmûs, wylst syn neikommeling, Bate's grutte mûs, mear as trije kear sa grut groeide.
Paleobiology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarnaamste natuerlike fijân fan Bate's lytse mûs wie foar 't neist de (ek útstoarne) Kretinzyske ûle (Athene cretensis).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
