Bate's grutte mûs
| Bate's grutte mûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Mus minotaurus | ||||||||||||
| Bate, 1942 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl)
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Bate's grutte mûs of de grutte batemûs (wittenskiplike namme: Mus minotaurus) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), it skaai fan 'e echte mûzen (Mus) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e echte mûzen (Mus). Dit bistke kaam fan it begjin fan it Let-Pleistoseen oant yn it Holoseen foar op it Grykske eilân Kreta. It is ferneamd nei syn beskriuwster, de Welske paleöntologe Dorothea Bate.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bate's grutte mûs waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1942 troch de Welske paleöntologe Dorothea Bate. It tinken is dat dit bistke him oan it begjin fan it Let-Pleistoseen, likernôch 600.000 jier lyn, troch evolúsje ûntjoech út Bate's lytse mûs (Mus bateae). Dat bist stamme nei alle gedachten sels wer ôf fan in lytse populaasje fan 'e gewoane hûsmûs (Mus musculus), dy't yn it Mid-Pleistoseen isolearre rekke wie op Kreta.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bate's grutte mûs wie ien fan 'e grutste soarten út it skaai fan 'e echte mûzen (Mus). Mei in gewicht fan likernôch 54 g wied er mear as trijeris sa grut as de hûsmûs (Mus musculus), dy't syn oarspronklike foarâlder wie, en mear as twaris sa grut as syn direkt foarâlder, Bate's lytse mûs (Mus bateae). It is dêrmei in dúdlik foarbyld fan eilânreuzegroei of eilângigantisme.
Paleobiology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bate's grutte mûs libbe op Kreta njonken oare sûchdieren dy't endemysk op it eilân wiene, lykas de Krentinzyske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon creutzburgi), it Kretinzysk hart (Candiacervus cretensis), it Kretinzysk dwerchhart (Candiacervus ropalophorus) en de Kretinzyske otter (Lutrogale cretensis). Dat binne allegearre soarten dy't útstoaren by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje. In oare soarte dêr't Bate's grutte mûs mei gearlibbe, dy't ek tsjintwurdich noch foarkomt, wie de Kretinzyske pipermûs (Crocidura zimmermanni). De foarnaamste natuerlike fijân fan Bate's grutte mûs wie foar 't neist de (ek útstoarne) Kretinzyske ûle (Athene cretensis), mei't yn 'e kjitte fan dat bist oerfloedich de restanten fan 'e mûs oantroffen binne.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bate's grutte mûs stoar út yn it Holoseen. Subfossilen binne noch oantroffen yn troch minsken bewenne argeologyske fynplakken dy't datearje út it Neolitikum en de Brûnstiid (likernôch 8.000 jier lyn, dus omtrint 6000 f.Kr.). Saakkundigen ornearje dat it skoan kinne soe dat Bate's grutte mûs útstoarn is trochdat er de konkurrinsje net oankoe mei de nau besibbe, troch de minske (by fersin) op Kreta yntrodusearre hûsmûs (Mus musculus).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
