Bataljon Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Bataljon Fryslân (Offisjeel: 1e Bataljon 9e Regiment Infanterie (1-9 RI)) wie in út Friezen besteand oarlochsfrijwilligersbataljon dat mei die oan de polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje yn 1947/48.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn namme bestiet it rezjimint sûnt 1950, mar yn 1577 waard it rezjimint oprjochte troch de destiidske steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Oerisel, Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz. It is dêrmei it âldste rezjimint fan it Nederlânske leger.
Op 16 septimber 1945 waard it earste bataljon fan it njoggende Rezjimint Ynfantery (1-9 R.I.) foarme út lju fan de Binnenlânske Striidkrêften út Fryslân. It bataljon stie ûnder befel fan majoar, letter oerste, E. Wiersma. It bataljon gie ein 1945 nei Wokingham yn Ingelân om dêr te oefenjen en technysk útrisd te wurden; ek krigen sy ûnderrjocht yn it Maleisk. Ut reden fan it troch Lord Mountbatten útroppen lâningsferbod op Java en Sumatra moast it bataljon by oankomst foar de kust fan Java útwike nei Malakka dêr't men yn maart 1946 oankaam.

Op 29 maart 1946 lâne de ienheid op Java as ûnderdiel fan de V Brigade. 1-9 RI krige in befeiligingstaak yn it distrikt Bandûng-Tjimahi. Nei de earste polisjonele aksje krigen sy deselde taak yn it distrikt Purballinga. It bataljon die mei oan ferskate grutte aksjes foardat it op 22 july 1947 dielnaam oan de 1e polisjonele aksje.

Op 17 jannewaris 1948 waard de wapenstilstân ôfkundige en krige 1-9 RI lins. Op 27 april waard it bataljon ôflost. Yn totaal hawwe 29 manlju fan Bataljon Fryslân it libben ferlern.

Yn juny 1948 koene de militêren út Batavia wei mei de "Zuiderkruis" werom nei hûs. Op 16 augustus 1948 waard it bataljon ûntbûn.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feteranen fan 1–9 RI waarden earst op 20 april 1985 eare; se krigen it Fersetsbetinkingskrús útrikt troch de doetiidske Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel.

Neist in al besteande plakette yn it Provinsjehûs te Ljouwert waard op 25 augustus 2009 in plakette oanbrocht op it monumint fan it Rezjimint Johan Willem Friso op de Johannes Postkazerne yn Havelte ta oantins fan dejingen dy't yn Ynje it libben ferlearen. Op beide plakettes wurde de nammen fan de sneuvelen fan 1-9 RI opsomd.

It findel wie yn oarlochsgebieten as Súd-Libanon, Bosnje en Urûzgan te sjen. De manskippen waarden ek ynsetten by it gizelingsdrama troch Japanske terroristen op Schiphol. Inkele jierren letter waarden de manskippen oproppen om mei te helpen by de Molukske treinkaping by De Punt.

Foalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1964 is it tradysje yn it rezjimint om in bataljonshynder oan te keapjen. Frysk stamboekhynder Abe kaam it earste jier fan de hynstemerk yn Súdlaren, as kadootsje fan it bestjoer, om in jier letter plak te meitsjen foar opfolger Bouke. Neffens de regels waard de foalle ynlive by it leger en krige it in registraasjenûmner. By it appel moast ek Abe oantrede. Nei in jier waard it bataljonshynder ferkocht en moast der in nije foalle komme. It bist stie symboal foar goede ferstânhâlding mei de trije noardlike provinsjes. De tradysje ferdwûn mei it ôfskaffen fan it JWF-rezjimint begjin jierren njoggentich, mar kaam werom yn 1999. Wout waard doe ynlive, de fersoarging wurdt sûnttiids sdien troch in meneezje yn de buert fan de kazerne yn Assen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Het Regiment Infanterie Johan Willem Friso - Van Wijnen, Frjentsjer

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bataljon Friesland.