Basseilannen (Frânsk-Polyneezje)
| Basseilannen | ||
| De Ahureibaai op Rapa Iti. | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | arsjipel | |
| lân | ||
| oerseesk gebiet | ||
| bestj. ûnderferdieling | ||
| haadplak | Ha‘urei | |
| grutste plak | Ha‘urei | |
| heechste berch | Perahu | |
| wichtichste eil. | Rapa Iti | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 451 (2022) | |
| oerflak | 40,6 km² | |
| befolkingstichtens | 11,1 / km² | |
| heechste punt | 650 m | |
| tal eil. | 2 (wêrfan 1 bewenne) | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 27°36′ S 144°20′ W | |
| kaart | ||
Lizzing yn Frânsk-Polyneezje.
| ||
De Basseilannen (Frânsk: Îles Bass of Îlots de Bass) binne in eilannegroepke yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, dat diel útmakket fan 'e gruttere arsjipel fan 'e Australeilannen yn it suden fan Frânsk-Polyneezje. De groep bestiet winliken út mar twa eilannen: Rapa Iti (of koartwei Rapa) en Marotiri, en dêrfan is inkeld Rapa Iti bewenne. De eilannen binne ferneamd nei de Ingelske ûntdekkingsreizger George Bass.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Basseilannen lizze likernôch yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de Stienbokskearkring. De eilannegroep heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik meitsje de Basseilannen diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is.
De Basseilannen wurde ornaris beskôge as de súdeastlikste Australeilannen, wêrby't de noardwestlike Australeilannen dan ta ûnderskie oantsjut wurde as de Tupua‘i-eilannen. Mar de ôfstân tusken de beide groepen is sa grut (likernôch 500 km), dat dat eins mear in saak is fan politike en bestjoerlike ienheid as dat der yn geografyske sin sprake is fan ien eilannengroep.
It oerflak oan lân fan 'e Basseilannen bedraacht yn totaal 40,6 km². De grutte mearderheid dêrfan wurdt opmakke troch it iennichste bewenne eilân fan 'e groep, Rapa Iti, dat ek wol koartwei Rapa neamd wurdt en dat in oerflak fan 40,5 km² hat. Rapa Iti hie yn 2022 in befolking fan 451 minsken, dy't foar it meastepart yn it haadplak Ha‘urei (Frânsk: Ahurei) wennen. Op Rapa Iti leit ek it heechste punt fan 'e Basseilannen, te witten: de Perahu, in berch dy't opriist ta in hichte fan 650 m boppe seenivo.
It iennichste oare echte eilân fan 'e Basseilannen is it ûnbewenne Marotiri, dat eins in groepke fan fjouwer fulkanyske rotsen is mei in mienskiplik oerflak fan 4,3 hektare. Marotiri is tige isolearre. It leit op in ôfstân fan 75 km súdeastlik fan Rapa Iti, mar de oseaan berikt tusken de beide eilannen yn in djipte fan mear as 1.500 m. It is lykwols in wichtich briedplak foar seefûgels.
Ek ta de Basseilannen wurdt Neilson Reef (of Lancaster Reef) rekkene, in healmoannefoarmich rif noardnoardwestlik fan Rapa Iti.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geologysk ûnderskiede de Basseilannen har fan 'e oare Australeilannen trochdat har fulkanyske oarsprong folle resinter west liket te hawwen. De Basseilannen lykje rûchwei tagelyk kolonisearre te wêzen mei de Genoatskipseilannen en de Markesaseilannen, dy't folle noardliker lizze binnen de grinzen fan Frânsk-Polyneezje. De kultuer fan Rapa Iti en de Polynezyske taal fan it eilân, it Rapaansk, lykje om dyselde tiid hinne oan in eigen ûntwikkeling begûn te wêzen, wat derop tsjut dat se fan 'e kolonisaasje fan it eilân ôf fierhinne isolearre west hawwe.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |