Springe nei ynhâld

Basisregistraasje Adressen en Gebouwen

Ut Wikipedy

De Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG) is de namme foar in Nederlânske Basisregistraasje. Dy bestie ynearsten út twa basisregistraasjes, nammentlik de Basisregistraasje adressen (BRA) en de Basisgebouweregistraasje (BGR), mar troch in wizigingswet fan 24 febrewaris 2017 binne se gearfoege.[1]

Basiswet foar registraasje fan adressen en gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wet basisregistraasje adressen en gebouwen, Wet BAG, ek wol Wet bag, regelet dat de gemeenteried it grûngebiet fan de gemeente yndielt yn ien of mear wenplakken en dat gemeenten in tal basisgegevens oer gebouwen en adressen byhâlde yn ien automatisearre systeem. Alle oerheidsorganen moatte dy gegevens ferplichte brûke by it útoefenjen fan harren publykrjochtlike taken.

BAG-wenplakken - Gemeente Kapelle

De gemeenten moatte gegevens byhâlde oer in tal soarten objekten:

  • wenplak
  • iepenbiere romte: meastal de strjitte of in plein, soms de wyk
  • nûmeroantsjutting: meastal gewoan in getal, en yn alle gefallen dan oerienkommend mei it begryp húsnûmer.
  • pân: boukundige ienheid.
  • lisplak: plak foar it permanint ôflizzen fan in fartúch
  • stânplak
  • 'wenobjekt': gebrûksienheid binnen gebou(wen).

Dy begripen wurde neamd yn kêst 1 fan'e wet. In adres is in kombinaasje fan wenplak, 'iepenbiere romte' en nûmeroantsjutting. As de 'iepenbiere romte' de wyk is, dan binne der of hielendal gjin strjitnammen, of der binne strjitnûmers (net apart yn de BAG) en in nûmeroantsjutting besteande út dat nûmer folge troch it folchnûmer binnen de strjitte. Under húsnûmer soe men de hiele nûmeroantsjutting of it twadde part derfan ferstean kinne. Dêrby soene se oanslute kinne by wat by de doarren oanjûn stiet. Sjoch ek ôfwikende adresseringen.

Elk wenobjekt, lisplak en stânplak hat (of krijt) in adres. Wat der oer de ôfsûnderlike objekten as wenplakken en gebouwen fêstlein wurde moat, stiet yn 'e BAG-katalogus.

It Kadaster beheart de Landelijke Voorziening voor de BAG (LV BAG).[2] De gemeenten leverje dêr harren gegevens oan, sadat de gegevens fan dêrút ferliend wurde kinne oan brûkers. Gegevens wurde yn XML-foarm oanlevere en jout yn sawol XML-foarm as GML-foarm. Dêrneist is it foar elkenien mooglik om fia de BAG Viewer de BAG te rieplachtsjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: