Springe nei ynhâld

Basilyk fan it Hillich Sakramint (Meerssen)

Ut Wikipedy
Basilyk fan it Hillich Sakramint
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Limburch
gemeente Meerssen
plak Meerssen
koördinaten 50°53' N 5°45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Roermond
wijd oan Bartoloméus, it Hillich Sakramint
Arsjitektuer
boustyl gotyk, neogotyk
Kaart
Basilyk fan it Hillich Sakramint (Meerssen)
Basilyk fan it Hillich Sakramint

De Basilyk fan it Hillich Sakramint (ek: Sint-Bartoloméusbasilyk, Basilyk fan Meerssen) is in roomsk tsjerkegebou yn Meerssen yn Limburch. De parochytsjerke is wijd oan it Hillich Sakramint en oan 'e apostel Bartoloméus. Op 16 juny 1938 krige de tsjerke fan paus Pius XI de status basilica minor. De basilyk fertsjintwurdiget de hege Maasgotyk en is ien fan 'e moaiste foarbylden fan dy styl. Sûnt 1967 is de tsjerke in ryksmonumint.

Al yn 'e iere midsiuwen soe Meerssen in palts hân ha, dêr't in diel fan 'e delegaasjes útfanhûze doe't yn 870 it Ferdrach fan Meerssen sletten waard. De paltskapel stie op it plak fan 'e hjoeddeiske basilyk. Yn 968 joech keninginne Gerberga fan West-Frânsje de palts oan 'e Benediktynske muontsen fan Reims, dy't dêr in proasdij stiften. De tsjerke waard fuort nei 1100 ta in romaanske tsjerke ferboud. Yn dy tsjerke soe yn 1222 in sakramintswûnder plakfûn ha doe't by de konsekraasje de preester betocht dat er gjin wetter en wyn yn 'e mistsjelk dien hie en út de hosty by it brekken doe wetter en bloed streamde, dat yn 'e tsjelk opfongen waard. De tsjelk mei it bloed waard útstald oan 'e pylgers, dy't sûnt de tsjerke besochten. Dêrfandinne waard in gruttere tsjerke nedich en om 1318 hinne waard in goatysk skip fan trije traveeën boud.

Reproduksjetekening fan it sletten koer en de sakramintstoer.

By in twadde faze tusken 1334 en de ein fan dy iuw waarden ûnder lieding fan proast Jean de Beaufort in goatysk koer en dwersskip tafoege. Tusken it koer foar de muontsen en it skip foar it tsjerkefolk stie eartiids in muorre. Yn 1465 waard de tsjerke troch hierlingen fan 'e hear fan Borgharen yn 'e brân stutsen. By dy brân waard in twadde sakramintswûnder optekene: wylst in jonge boer yn 'e buorskip Raar oan it ploegjen wie, seach er dat de tsjerke baarnde en makke er dat er nei de tsjerke gie om de hosty út it fjoer te rêden. Nei't de boer werom kaam op it lân, seach er dat in ingel it wurk op 'e ikker dien makke hie. By de restauraasje fan 'e tsjerke binne nei dy brân de loftbôgen en in ryk, letgoatysk noardlik portaal foar de reliken fan it Hillich Sakramint tafoege.

Yn likernôch 1500 waard de sakramintstoer boud om dêr reliken fan it earste wûnder yn te bewarjen. Steatske troepen stieken yn 1574 de westlike toer yn 'e brân. De rest fan 'e toer stoarte by in stoarm yn 1649 yn. De proasdij waard yn 1612 oan 'e Augustynske muontsen fan Eaucourt oerdroegen. Meerssen foel yn 1633 yn hannen fan 'e protestanten. It protest fan 'e proast wie om 'e nocht en de tsjerke waard yn 1633 in simultaantsjerke foar katoliken en protestanten. In stoarm yn 1749 brocht de tsjerke op 'e nij skea. By de dêrop folgjende renovaasje waard de toer fanwegen jildbrek net mear werboud.

Yn 'e Frânske tiid waard de proasdij yn 1795 opheft. De tsjerke bleau tusken 1798 en 1802 sletten en wie dêrnei in gewoane parochytsjerke. It hegere preesterkoer waard ferlege en de muorre tusken it skip en it koer waard ôfbrutsen. De protestanten fan Meersen krigen sûnt 1836 harren eigen tsjerke, it Leopoldstsjerkje, en dêrmei krigen de katolike harren tsjerke wer hielendal werom. Fan 1879 oant 1882 folge in yngreven restauraasje. De tsjerke krige in neogoatyske dakruter op 'e krusing en de krúsribferwulften waarden fernijd. By de restauraasje fan it koer tusken 1895 en 1901 waarden de trasearingen fan 'e finsters en de balustraden mei pinakels op 'e dakrânen rekonstruearre.

By in folgjende restauraasje yn 'e jierren 1936-1838 waard it skip troch arsjitekt Jos Cuypers oan 'e westlike kant mei trije traveeën langer makke. De neogoatyske dakruter waard doe ferfongen troch in ienfâldiger eksimplaar. De restauraasje fan it ynterieur fûn tusken 1986 en 1988 plak. Dêrby waard in part fan 'e pinakels fernijd. Tusken 2012 en 2015 folge in restauraasje fan 'e brânskildere ramen en de sakramintstoer.

De twa sakramintswûnders wurde alle jierren by it Oktaaf fan Meerssen betocht. De iepening dêrfan falt op 'e tongersdei nei de Trijeienheidssnein. Acht dagen wurde der dan prosesjes út de ferskillende parochy's fan it eardere dekenaat nei de basilyk organisearre. De prosesje op Sakramintssnein giet om bar troch Meerssen of nei Raar. Yn 2022 makke it mediabedriuw Orange Media in dokumintêre oer it fieren fan 'e Oktaaf. Dy dokumintêre waard yn 2023 troch de regionale omrop L1 útstjoerd.

De basilyk bestiet út in skip fan trije goatyske en trije neogoatyske traveeën, in 14e iuwske dwersskip en in like âld koer. De tsjin 'e súdkant fan it koer boude neogoatyske sakristy datearret fan 1878. Tsjin de muorre steane dêr in pear 17e-iuwske grêfkrusen. Oan 'e eastlike kant fan 'e tsjerke stiet de opfallende neogoatyske grêfkapel fan 'e fabrikantefamylje Regout út 1869.

Ynterieur.

Hast it hiele ynterieur fan 'e tsjerke is fan Pierre Cuypers. It haadalter is fan 1897, de kommunybank út 1898 en in grut Hillich Hertbyld fan Italjaansk moarmer út 1910. De preekstoel fan 1911 is in ûntwerp fan Johannes Kayser. Al it neamde tsjerkemeubilêr en in oantal bylden binne makke yn it atelier fan J.W. Ramakers en Soannen yn Geleen. De ramen binne meastentiids 19e-iuwsk en komme út it atelier F. Nicolas en Soannen. Yn 'e jierren 1950 ûntwurp Jos ten Horn in searje ramen foar de tsjerke, dy't makke binne troch it atelier Mesterom. It raam op it oksaal is wurk fan Charles Eyck út 1958.

Op in neogoatyske triomfbalke fan 1905 stiet in 16e-iuwske byldegroep. Fierder stiet der op in sydalter in letgoatysk byld fan Sint-Barbara út likernôch 1500. Tige bysûnder is de letgoatyske sakramintstoer yn it preesterkoer. It byldhouwurk fan 'e toer is bot restaurearre en allinne de foarstellings fan 'e mannarein, it lêste nachtmiel en it offer fan Melchisédek binne noch 16e-iuwsk. Pierre Cuypers makke in replika fan it sakramintshûs, dat foar in hiel skoft te sjen wie yn it Ryksmuseum fan Amsterdam.

De tsjerke hie al yn 'e 16e iuw in oargel. Doe't de tsjerke yn 1804 op 'e nij ynrjochte waard ferhûze it oargel fan 'e krúsbalke nei de westlike kant. Yn 1869 wiene der plannen om it ynstrumint út te wreidzjen mei in posityf en frij pedaal troch Pereboom & Leijser. Dy plannen binne net útfierd en by de útwreiding fan 'e tsjerke yn 1938 waard it histoaryske oargel ôfbrutsen en boude Vermeulen in nij, twamanualich elektro-pneumatysk oargel, wêrby 't it piipwurk foar in grut part op 'e nij brûkt waard.

Oargel.

Dat âlde piipwurk waard yn 1980 op 'e nij brûkt by de bou fan in koeroargel fan Heinz Wilbrand-Orgelbau út Übach-Palenberg. Dat oargel is mobyl. Yn it front is de doar en it houtwurk fan in âlde bychtstoel út likernôch 1700 ferwurke.

It Vermeulenoargel waard yn 1990 ôfbrutsen. Op 25 oktober 1991 waard it grutte fjouwermanualige Wilbrandoargel yn gebrûk nommen. Foar de bou fan dat oargel tsjinne in 19e-iuwske oargel Forster & Andrews, dat in pear jier earder oankocht wie. It front fan it Ingelske ynstrumint waard mei pedaaltuorren útwreide, sadat it better paste by de goatyske styl fan 'e tsjerke. By de bou waarden alve Ingelske registers op 'e nij brûkt, wylst ek 8 registers fan it Vermeulenoargel út 1938 yntegrearre waarden. It oargel bestiet út in haadwurk, rêchwurk, swelwurk en pedaal.

Mei't de klokken yn 1944 troch de Dútsers foardere waarden en neitiid net werom kamen, binne nei de befrijing trije nije tsjerkeklokken en in klokkespul fan 29 klokken ynstallearre. Yn 2007 is in mei de hân te bestjinjen klok tafoege en is it klokkespul mei 5 klokken útwreide.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Basiliek van het H. Sacrament (ferzje 18 maart 2025.)