Basilyk fan it Hillich Hert (Paray-le-Monial)
| Basilyk fan it Hillich Hert Basilique du Sacré-Cœur | ||
| De Basilyk fan it Hillich Hert yn Paray-le-Monial | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| departemint | Saône-et-Loire | |
| regio | Boergonje-Franche-Comté | |
| plak | Paray-le-Monial | |
| koördinaten | 46°27' N 4°7' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom Autun | |
| wijd oan | Hillich Hert fan Jezus | |
| status | basilica minor | |
| hjoeddeiske funksje | Parochytsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 12e–14e iuw | |
| boustyl | romaansk | |
| hichte | Toer: 56 m | |
| monumintale status | Monumint historique | |
| Webside | ||
| www.sanctuaires-paray.com | ||
| Kaart | ||
De Basilyk fan it Hillich Hert fan Paray-le-Monial (Frânsk: Basilique du Sacré-Cœur) is in romaanske roomske tsjerke yn Paray-le-Monial, yn 'e Frânske regio Boergonje-Franche-Comté. De tsjerke is wijd oan it Hillich Hert fan Jezus en jildt as ien fan 'e wichtichste foarbylden fan Cluniasjinzer arsjitektuer yn Bourgonje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basilyk is ien fan 'e meast besochte religieuze plakken yn Frankryk. De wrâldwide fersprieding fan 'e devoasje fan it Hillich Hert is foar in grut part te tankjen oan 'e fizioenen fan Marguerite-Marie Alacoque (1647–1690), dy't yn it kleaster njonken de basilyk libbe en stoar.

It hjoeddeiske gebou waard yn de 12e iuw stifte ûnder lieding fan Hugues de Semur, abt fan Cluny, op it plak fan in 10e-iuwsk kleaster dat stifte wie troch greve Lambert fan Chalon. De tsjerke wie opset as in lytsere ferzje fan 'e grutte abdijtsjerke fan Cluny. De bou waard yn 'e 14e iuw foltôge.
Letter waarden yn 'e 18e iuw ferskate tafoegings dien. Sa waard der in barokke dekoraasje oanbrocht, dy't yn 'e 19e iuw wer ferwidere is om de tsjerke it romaanske karakter werom te jaan.
As priorij stie Paray-le-Monial ûnder it gesach fan 'e abdij fan Cluny. Yn 1790 waarden yn hiel Frankryk de religieuze oarders opheft. Ek yn Paray-le-Monial waard de priorij formeel opheft. De muontsen moasten it kleaster ferlitte, mar de tsjerke bleau sparre foar ferneatiging.
Paus Pius IX joech yn 1875 de tsjerke de eartitel basilyk. Dat barde dat de Hillich Hert-devoasje in sterke bloei meimakke yn 'e Roomske Tsjerke.
Hjoed-de-dei wurdt de basilyk beskôge as it bêst bewarre foarbyld fan Cluniasjinzer boukeunst yn 'e regio.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in relatyf koart skip mei twa sydskippen en in dwersskip mei ien skip. It koer bestiet út in healrûne apsis mei in omgong en trije straalkapellen. It gebou hat in totale lingte fan 63,5 meter (ynklusyf it foarportaal en de eastlike kapel) en in breedte fan 22,35 meter. It skip is likernôch 22 meter heech.
It ynterieur wurdt karakterisearre troch ogivale tonferwulften en in ferdieling yn ferskillende hichtenivo’s, itjinge typysk is foar de romaanske styl. De pylders binne fan in foargoatysk type en drage kapitelen, dy't benammen fersierd binne mei florale motiven; guon toane ek bist- of figuerfoarstellings. Yn it koer is in 14e-iuwsk fresko oanwêzich, dat yn 1935 op 'e nij ûntdutsen waard.
It eksterieur hat in sober en massyf oansjen. It portaal yn 'e lofter earm fan it dwersskip is fersierd mei blom- en geometryske motiven. Op 'e krusing fan skip en dwersskip stiet in toer fan 56 meter heech; oan wjerskanten fan 'e haadgevel steane twa lytsere tuorren.
It basilykkompleks omfiemet ek oare gebouwen, ûnder oaren in 18e-iuwske kleastergong.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of the Sacred Heart of Paray-le-Monial
|
