Springe nei ynhâld

Basilyk Notre-Dame de Fourvière

Ut Wikipedy
Basilyk Us Leaffrou fan Fourvière
Basilique Notre-Dame de Fourvière
Lokaasje
lân Frankryk
plakLyon
adres8 place de Fourvière
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
wijd oanMarije
statusbasilica minor
Arsjitektuer
arsjitektPierre Bossan
Louis Sainte-Marie Perrin
boujier1872-1884
boustylEklektisisme
monumintale statusHistoarysk Monumint
Webside
www.fourviere.org
Kaart
Basilyk Notre-Dame de Fourvière (Lyon)
Basilyk Notre-Dame de Fourvière

De Basilyk Us-Leaffrou fan Fourvière (Basilyk Notre-Dame de Fourvière) is in basilyk yn it 5e arrondissemint fan 'e Frânske stêd Lyon. De basilyk stiet op in heuvel boppe de stêd op it plak fan it âlde foarum fan keizer Trajanus, Forum vetus, dêr't de namme Fourvière fan ôflaat is. Op itselde plak ferstoar de hillige Potinus de martlerdea.

Fuort nei de foltôging krige de tsjerke op 16 maart 1897 fan paus Leo III de status fan basilyk.

De tsjerke foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Histoarysk gebiet fan Lyon. Fan it âlde sintrum nei de basilyk is in kabelspoar oanlein, dy't besikers tichteby de basilyk ôfset.

Sint-Tomaskapel yn 'e 19e iuw.

.

Yn 'e midsiuwen wie it plak al in stee foar ferearing fan 'e hillige Tomas fan Canterbury. De Tomaskapel (Chapelle de la Vierge and the Chapelle Saint Thomas de Canterbury waard fan 1176 oant 1185 boud, mar ferneatige troch de hugenoaten op 29 april 1552. Yn 1740 waard de kapel werboud.

Lyon waard yn 'e 17e iuw ferskate kearen troch pestútbraken troffen, fral yn 1628 (de slimste), 1631, 1637, 1639 en 1642. De oerheid die by de lêste pleach in berop op 'e hillige Jongfaam Marije en op 5 april 1642 waard in ûnthjit dien: twa dagen letter soe in prosesje fan 'e Notre-Dame nei de Fourvière plakfine om ferlossing fan 'e pest ôf te smeken. Dy prosesje waard tenei alle jierren holden en op 12 maart 1643 waard der troch de rie besletten om de hiele stêd oan Marije op te dragen. De datum fan 'e prosesje waard fêststeld op 8 septimber, it bertefeest fan 'e Jongfaam.

De plannen om in grutte basilyk te bouwen ûntstienen yn 'e 19e iuw. It wie in tiid dat de Marije-devoasje foars tanaam en foar it groeiende oantal besikers wie in grutter tsjerkegebou nedich en boppedat wie it folk tankber dat Lyon yn 'e Frânsk-Prusyske Oarloch fan 1870-1871 sparre wie. De neo-byzantynske arsjitektuer fan 'e basilyk is it wurk fan Pierre Bossan, dy't fanwegen syn sûnens twongen wie om op ôfstân tafersjoch te hâlden op 'e bou. In grut part fan it wurk waard oerdroegen oan Louis Sainte-Marie Perrin. De opfallende arsjitektuer fan 'e tsjerke soarge foar sawol bewûndering, mar ek skerpe krityk.

De bou yn 1875.

De earste stien waard yn 1872 lein en yn 1896 waard de basilyk troch kardinaal Coullié ynwijd. It wurk oan it ynterieur mei mozaiken, glêswurk en bylden gie lykwols noch oant 1964 troch.

Oars as in soad oare tsjerken yn Frankryk is de basilyk gjin eigendom fan it aartsbisdom, mar partikulier besit fan 'e Commission de Fourvière. Dêrmei falt de status fan 'e tsjerke bûten de Frânske wet fan 1905, dy't de skieding fan Tsjerke en Steat regelet. Sûnt 25 maart 2014 is de basilyk klassifisearre as in histoarysk monumint.

Ferwulft.

De basilyk kombinearret neo-byzantynske, romaanske en neogoatyske styleleminten, itjinge doe ta in soad diskusje late. De tsjerke hat fjouwer tuorren dy't symboal steane foar deugden.

It ynterieur fan 'e tsjerke is tige ryk oan mozaiken dy't de rol fan Marije yn 'e skiednis fan 'e Tsjerke en fan Frankryk útbyldzje.

Tusken de wyk Saint Jean en de tsjerke lizze de Jardins du Rosaire, dy 't in religieuze betsjutting ha.

De frijsteande toer mei it fergulde Marijebyld heart by de âlde Tomaskapel, dy't der al sûnt de midsiuwen op 'e heuvel foar de bou fan 'e basilyk stie. De toer waard yn 'e 19e iuw ferhege om dêr yn 1852 it Marijebyld fan 'e byldhouwer Joseph Fabisch op te setten.

Fête des lumières

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Krypt mei it Sint-Joazefalter.

Alle jierren wurdt om 8 desimber yn Lyon it Fête des lumières (ljochtfeest) fierd. De basilyk en in soad oare objekten wurde dan artistyk ferljochte. It feest ûntstie yn 'e midsiuwen en wie ornearre om Marije te earen, dy't sûnt 1643 patroanhillige fan Lyon is.

Sûnt dat jier wurdt der alle jierren in prosesje fan 'e katedraal nei de de Notre-Dame de Fourvière holden. Dat wie eartiids op 8 septimber. Yn 1852 waard it nije byld fan Marije by de kapel set. It byld soe op 8 septimber ynhuldige wurde, mar de hege wetterstân fan 'e Saône feroarsake útstel fan 'e plechtichheid. De aartsbiskop stelde dêrfandinne in nije datum fêst: 8 desimber.

De basilyk stie model foar de Notre-Dame des Victoires yn 'e Frânske wyk fan San Francisco. Dy tsjerke waard yn 1908 boud nei de grutte ierdskodding yn San Francisco op 18 april 1906.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: