Basilica of the National Shrine of the Immaculate Conception
| Basilica of the National Shrine of the Immaculate Conception | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Washington, D.C. | |
| adres | 400 Michigan Avenue NE | |
| koördinaten | 38°56'N 77°0'W | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| aartsbisdom | Washington | |
| wijd oan | Unbesmodske Untfinzenis | |
| status | basilica minor | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1920-1961 | |
| boustyl | neobyzantynsk, neoromaansk | |
| Webside | ||
| www.nationalshrine.org | ||
| Kaart | ||
De Basilica of the National Shrine of the Immaculate Conception yn Washington D.C. is de grutste katolike tsjerke fan Feriene Steaten. De tsjerke is wijd oan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije, dy't yn 1847 troch paus Pius IX ta patroanhillige fan 'e Feriene Steaten beneamd waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1792 sette biskop John Carroll, de earste roomske biskop fan it lân, de nije Feriene Steaten ûnder it patrosinium fan 'e Unbesmodske Untfinzenis. Dat waard yn 1846 op 'e nij befêstige troch de Provinsjale Ried fan Baltimore en op 7 febrewaris 1847 offisjeel erkend troch paus Pius IX.
Bou fan 'e basilika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Biskop Thomas Joseph Shahan, de fjirde rektor fan 'e Katolike Universiteit fan Amearika, stelde yn 1913 foar om in nasjonale tsjerke te bouwen ta eare fan 'e patroanhillige fan 'e Feriene Steaten. Hy krige stipe fan paus Pius X en wist de universiteit te oertsjûgjen om lân beskikber te stellen foar de bou. Yn 1914 publisearre Shahan it earste nûmer fan Salve Regina, in nijsbrief om it entûsjasme foar it projekt oan te fjurjen.
Yn 1919 waard it arsjitekteburo Maginnis & Walsh út Boston keazen foar it ûntwerp fan 'e tsjerke. Alhoewol't earst tocht waard oan in neogoatyske styl, waard lang om let keazen foar in kombinaasje fan Byzantynske en romaanske neo-arsjitektuer. Op 16 maaie 1920 waard de lokaasje troch aartsbiskop Giovanni Bonzano wijd en op 23 septimber 1920 waard de earste stien seinige troch kardinaal James Gibbons.
Yn 1924 waard de earste iepenbiere misse fierd yn 'e noch net foltôge krypt. Troch de Grutte Depresje en de dea fan 'e boubiskop Shahan yn 1932 waard de bou ûnderbrutsen en it duorre oant 1954 dat de bou wer fierder eine.
Foltôging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldoarloch namen yn 1953 Amerikaanske biskoppen it inisjatyf om jild yn te sammeljen foar de foltôging fan 'e Grutte Boppetsjerke. Op 20 novimber 1959 waard de tsjerke ynwijd. Yn 1990 krige it hillichdom fan paus Johannes Paulus II de status fan basilica minor.
Yn 'e 21e iuw waarden ferskate nije kapellen tafoege, wêrûnder ien foar Us Leaffrou fan La Vang (2006) en Us Leaffrou fan Libanon (2011). Yn 2017 waard in grut mozayk fan 24 ton oan Fenesiaansk glês oer 'e Trije-ienheidskoepel foltôge en ynwijd op 8 desimber, it feest fan de Unbesmodske Untfinzenis.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De basilyk hat fjouwer piipoargels:[1]
Yn 'e boppetsjerke waarden yn 1965 twa grutte oargels fan M.P. Möller ynwijd:
- It Möller-oargel op 'e súdlike kreake (South Gallery Organ) hat 6.751 pipen en 124 registers.MÖLLER ORGAN, Opus 9702 (1964)
- It Möller-oargel yn it westlike koer (West Chancel Organ) hat 2.642 pipen en 48 registers.
Yn 1998 waarden de oargels renovearre troch Goulding & Wood en de oargelkas fan it South Gallery Organ waard op 'e nij ûntwurpen troch Klais Orgelbau út Bonn, Dútslân.
Yn 1987 waard in Schudi-oargel foar de krypt ynwijd. Dat oargel, mei 1.355 pipen en 23 registers, is basearre op in barokke ûntwerp fan Gottfried Silbermann, in freon fan J.S. Bach. It hat in wite ikekast en is fersierd mei in Sint-Jakobusskelp en in fleur-de-lis, de symboalen fan 'e pylgertocht en Marije.
Fierder hat de basilyk noch in posityf fan Möller (Opus 11671) út 1984 fan 188 pipen mei 12 registers op twa manualen en pedaal.
Tiara
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e tsjerke wurdt de kroaningstiara fan paus Paulus VI útstald, de iennige pauslike tiara bûten it Fatikaan. Op 13 novimber 1964 lei Paulus VI de tiara op it alter fan 'e Sint-Piter yn Rome as teken fan syn ôfstân fan wrâldske macht en as stipe foar de earmen. De tiara waard net ferkocht, mar brûkt as symboal yn in kampanje foar de bestriding fan earmoed. De tiara is útstald yn 'e Memorial Hall fan 'e basilika, njonken oare pauslike reliken, lykas ek de stola fan paus Johannes XXIII.
Ofmjittings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Lingte: 140 meter
- Breedte (ynklusyf sydskippen en portalen): 73 meter
- hichte klokketoer: 100 m
- hichte koepel: 48 m
- diameter koepel: 27 meter
De Trije-ienheidskoepel is met 2,1 meter lytser yn diameter as de koepel fan it Amerikaanske Kapitoal.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of the National Shrine of the Immaculate Conception
|
