Bartramgriltsje
| bartramgriltsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bartramia longicauda | ||||||||||||
| Bechstein, 1812 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
trekfûgel wintergast |
It bartramgriltsje of Bartrams griltsje (Bartramia longicauda) is in grutte Noard-Amerikaanske steltrinner binnen de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De soarte is nau besibbe oan 'e wylpen yn it skaai Numenius en wurdt as iennige soarte yn syn eigen skaai Bartramia pleatst.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen fûgel mjit tusken de 28 en 32 sintimeter en hat in wjukspanwiidte fan 50–55 sintimeter. De fûgel hat lange giele poaten, in lange hals en in lange sturt. De kop en de hals binne ljocht mei brune streken en de eachring is wyt. De rêch en de boppekant fan 'e wjukken binne donker en brún spikkele en de búk is wyt. De fûgel hat gjin dúdlik winterkleed.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bartramgriltsje is in lange-ôfstânstrekker dy't briedt yn sintraal Noard-Amearika en Alaska en oerwinteret yn Súd-Amearika. It is in seldsume gast yn West-Jeropa, mei in 50-tal waarnimmings yn Grut-Brittanje. De fûgel is ek sjoen yn Skandinaavje (útsein Yslân), yn Ierlân, Spanje, Frankryk, Portugal, Itaalje en Grikelân.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bartramgriltsje komt foar op iepen greidlân en fjild, en wurdt faak op stekken of tillefoanpeallen sjoen. Soms is de fûgel te finen yn lytse, losse kloften. Hy siket foaral iten op it each; it dieet bestiet út ynsekten, slakken, wjirms en oare lytse wringeleaze dieren. Wat minder yt er ek sied.
Brieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De briedtiid falt tusken de iere en lette simmer. It nêst wurdt op 'e grûn boud yn ticht gers. It wyfke leit fjouwer aaien en de jongen wurde troch beide âlden fersoarge. Se kinne ôfliedingsmaneuvers útfiere om rôfdieren by it nêst en de piken wei te lokjen.
Status en bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der wurdt sels tocht dat it tal fûgels tanimt. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike skaainamme Bartramia is ôflaat fan 'e Amerikaanske biolooch William Bartram.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Bartramgriltsje
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Alaska

