Springe nei ynhâld

Barrandov Studios

Ut Wikipedy
Barrandov Studios
Barrandov Studio
algemien
nasjonaliteit Tsjechysk
typeprivaat
sektortillefyzje- en filmyndustry
fêstige ynPraach (Tsjechje)
oprjochte1931
eignerMoravia Steel
sifers
omsetCZK    549.981.000 (2019)
winstCZK      88.753.000 (2019)
weardeCZK 1.129.199.000 (2019)
aktyf yn Tsjechje
wurknimmers147 (2019)
tal lokaasjes1
offisjele webside
barrandov.cz
kaart
Barrandov Studios (Tsjechje)
Barrandov Studios
Lokaasje yn Tsjechje.

De Barrandov Studios (Tsjechysk: Barrandov Studio) binne in studiokompleks yn 'e súdwestlike bûtenwiken fan 'e Tsjechyske haadstêd Praach. Barrandov Studio waard yn 1931 oprjochte as in private ûndernimming. Under de Twadde Wrâldoarloch waard it kompleks troch de nazys brûkt foar it meitsjen fan propagandafilms. Nei de oarloch waard it bedriuw troch it nije kommunistyske regear fan Tsjechoslowakije nasjonalisearre, om nei de Ferwielen Revolúsje fan 1989 wer privatisearre te wurden. Yn 'e Barrandov Studios hawwe de opnamen plakfûn foar gâns grutte Westerske films en tillefyzjesearjes. Behalven it fasilitearjen fan 'e produksjes fan oare filmstudio's fungearje de Barrandov Studios sels ek noch altyd as filmstudio troch aktyf (mei) te wurkjen oan 'e produksje fan films.

De Barrandov Studios kamen fuort út 'e aktiviteiten yn 'e 1920-er jierren fan twa Praachske filmpioniers, de bruorren Miloš (18991968) en Václav Havel (18971979). (Dy lêste wie de heit fan 'e lettere Tsjechyske dissidint en presidint Václav Havel.) Yn 1921 rjochte Miloš Havel de A-B Studio op troch in fúzje fan syn eigen Amerikana Film mei Biografia Film. Oarspronklik wie dat bedriuw benammen rjochte op filmdistribúsje, mar letter begûn it ek eigen films te meitsjen. Yn it tiidrek fan 'e stomme film wiene dêrfoar net ferlet fan in protte spesjalistyske nedichheden. Om't eftergrûnlûden gjin rol spilen, koe in film praktysk oeral wol opnommen wurde. A-B Studio operearre sadwaande goedkeap út in bygebou yn 'e tún fan in bierbrouwerij yn 'e Praachske wyk Vinohrady.

It haadgebou fan 'e Barrandov Studios.

Doe't de lûdsfilm omtrint 1929 frij abrupt syn yntree die yn 'e filmyndustry, wiene der ôfsletten soundstages nedich om eftergrûnlûden út te bannen. Om dyselde tiid hinne hie Václav Havel plannen foar de bou fan in lúkse filla op in heuvel dy't doedestiden krekt bûten Praach lei, yn in gebiet dêr't in nije wyk pland stie. Dy wyk krige de namme Barrandov, nei Joachim Barrande, in Frânske geolooch dy't yn 'e njoggentjinde iuw op dat plak lieding jûn hie oan it ûndersyk nei fossilen. Miloš suggerearre dat syn broer by de filla mei-iens ek in moderne filmstudio sette litte soe. De bou fan dy studio sette op 28 novimber 1931 útein en waard yn 1933 foltôge.

Yn 1934 levere it nije filmkompleks syn earste film ôf, in Tsjechysktalige rôlprint dy't de ynternasjonale titel fan Murder on Ostrovni Street meikrige. It tal films dat yn 'e studio produsearre waard, naam al rillegau sterk ta. Yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren wurken der yn 'e Barrandov Studios 300 minsken en waarden oant 80 films yn 't jier produsearre. It wie yn dyselde snuorje dat it kompleks foar it earst bûtenlânske filmprodusinten oanloek, mei't de Barrandov Studios doedestiden oer de bêst tariste filmfasiliteiten fan East-Jeropa beskikten.

Under de besetting fan Tsjechoslowakije (19381945) troch nazy-Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch namen de nazys it studiokompleks oer. Yn dy perioade waarden de studio's sterk útwreide, mei't se de filmstudio's fan Berlyn en München belykje kinne moasten. Der waarden bouplannen opsteld foar de oanlis fan trije reuseftige, ûnderling yn ferbân steande soundstages. De bou sette yn 1941 útein, mar it trêde soundstage kaam pas yn begjin 1945 ree. Dyselde trije soundstages, mei in reuseftich oerflak (fan 3.400 ) foar it dwaan fan opnamen binne ek tsjintwurdich noch wêrom't filmprodusinten út 'e hiele wrâld de Barrandov Studios kieze om har film te meitsjen.

Koart nei de befrijing kaam yn it doetiidske Tsjechoslowakije in kommunistysk regear oan 'e macht. Mei't it hawwen fan partikulier eigendom ûnder it kommunisme net tastien wie, waarden alle bedriuwen ûnteigene troch de steat, wêrûnder ek de Barrandov Studios en it lytsere susterbedriuw, de Hostivař Studios. Yn 'e 1960-er jierren loek in nije weach fan Tsjechoslowaakske films wrâldwiid de oandacht. Regisseurs dy't yn dy tiid harren karriêre úteinsetten yn 'e Barrandov Studios, wiene û.o. Miloš Forman, Jiři Menzel, Vojtěch Jasný, Pavel Juráček, Věra Chytilová, Jan Němec, Ivan Passer, František Vláčil, Elmar Klos en Ján Kadár.

De kostúmopslach fan 'e Barrandov Studios.

Ek yn 'e 1970-er jierren en 1980-er jierren giene de Barrandov Studios troch mei it produsearjen fan films, yn trochsneed sa'n santich jiers, benammen komeedzjefilms en mearkeferfilmings. Stadichoan begûnen der wer mear Westerske filmprodusinten op it studiokompleks ôf te kommen. Sa waarden de binnendoarsênes fan 'e oarlochsfilm The Bridge at Remagen (1969) yn 'e Barrandov Studios opnommen foar't de produksje yn 1968 halje-trawalje útwike moast foar de Russyske ynvaazje, dy't in ein makke oan 'e Praachske Maityd. Letter waarden grutte Amerikaanske produksjes lykas Yentl (1983) en Amadeus (1984) yn 'e Barrandov Studios filme.

It Midsiuwske doarp, in permaninte filmset op it backlot fan it studiokompleks.

Koart nei de saneamde Ferwielen Revolúsje fan 1989, dy't yn Tsjechoslowakije in ein makke oan it kommunistyske rezjym, waarden de Barrandov Studios wer privatisearre. It bliek lykwols dreech foar it logge, efter de tiid rekke oerheidsbedriuw om 'e konkurrinsje oan te gean mei Westerske studio's, en it kompeks gie yn 2000 op in hier nei fallyt. Mar it klaude yn 'e 2000-er jierren wer by de wâl op. Yn 2006 waard in grut nij soundstage iepene, dat rjochte wie op it oanlûken fan gruttere produksjes. Anno 2026 binne de Barrandov Studios eigendom fan it ynvestearringsbedriuw Moravia Steel. Behalven films wurde der no ek in protte tillefyzjeprogramma's en reklamespotsjes opnommen, û.m. foar nasjonale Tsjechyske tillefyzjestjoerders.

De Barrandov beskikke oer in totaal oerflak oan oerdutsen soundstageromte fan 4.000 . It backlot, dêr't ferskate permaninte filmsets boud binne (lykas in Midsiuwsk doarp), komt dêr nochris op ta. Fierders omfettet it studiokompleks ferhierbere kantoarromte, klaaikeamers, romten foar fisazjy, wurkplakken foar de fabrikaazje fan dekôrstikken, opslachromten foar dekôrstikken, kostúms en rekwisiten, en fasiliteiten foar postproduksjewurk, lykas filmmontaazje.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Barrandov Studios opnommen binne:


In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Barrandov Studios opnommen binne:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.