Barnes & Noble

Ut Wikipedy
Barnes & Noble, Inc.
algemien
hist. namme Hinds & Noble
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor boekhannel
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1894
oprjochter Arthur Hinds,
Gilbert Clifford Noble
eigner oandielhâlders
fuortk. út Arthur Hinds & Co.
sifers
omset $68.687.000 (2012)
wearde $3,8 miljard (2012)
aktyf yn de Feriene Steaten
tal lokaasjes 658 winkels
714 universiteitswinkels
offisjele webside
www.barnesandnobleinc.com (bedriuwswebside)
www.barnesandnoble.com (klantewebside)

Barnes & Noble, Inc. is de grutste boekhannel fan 'e Feriene Steaten, en dêrnjonken ek ien fan 'e grutste ferkeapers fan digitale media en skoalboeken yn dat lân. Op 1 novimber 2014 wiene der 658 Barnes & Noble-winkels ferspraat oer alle fyftich Amerikaanske steaten, mei dêropta 714 skoalboekwinkels dy't sitewearre wiene oan 'e ûnderskate universiteiten, dêr't jiers 5 miljoen studinten en 250.000 dosinten har learnedichheden wei helje. Barnes & Noble hat ek ien fan 'e grutste webwinkels fan 'e Feriene Steaten, BN.com. It haadkertier fan it bedriuw as gehiel is fêstige op 122 Fifth Avenue, yn 'e Newyorkske wyk Manhattan, wylst de skoalboekbrâns in apart haadkertier hat yn Basking Ridge, yn 'e steat Nij-Jersey.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Barnes & Noble-korporaasje komt fuort út 'e ienfâldige Newyorkske boekhannel Arthur Hinds & Co., dêr't yn 1886 Gilbert Clifford Noble oannommen waard as betsjinde. Noble makke fluch karriêre, en yn 1894 waard er in partner yn it bedriuw, dat doe omneamd waard ta Hinds & Noble. Yn 1917 kocht er Hinds út en gied er yn see mei William Barnes, de soan fan syn âlde maat Charles Barnes, sadat de boekhannel oan syn hjoeddeistige namme kaam. Yn 1930 ferkocht Noble syn oandiel yn 'e saak oan William Barnes syn soan John Wilcox Barnes, mar de namme Barnes & Noble wie ûnderwilens sa ynboargere rekke, dat dy diskear net mear feroare waard. De boekhannel kaam de Krisisjierren ridlik ûnskansearre troch, en begûn him fan 'e 1950-er jierren ôf yn New York út te wreidzjen.

Yn it Barnes & Noble-filiaal yn winkelsintrum The Grove at Farmers Market, yn Los Angeles.

Nei de dea fan John Barnes, yn 1969, gie de saak ferskate kearen yn oare hannen oer, oant er úteinlik yn 1971 oankocht waard troch ûndernimmer Leonard Riggio, foar $1,2 miljoen. Tsjin dy tiid wie de boekhannel troch mismanagement raar yn 'e ûnderwâl rekke, mei noch mar ien winkel, te witten oan 105th Street. Yn 1974 wie Barnes & Noble de earste boekhannel dy't op 'e tillefyzje advertearre, en in jier letter begûn men der bestsellers mei koarting te ferkeapjen, wat ek in unikum wie yn 'e Feriene Steaten. Nei in stadige útwreiding fan it tal filialen yn 'e jierren santich begûn Barnes & Noble him yn 'e tachtiger jierren as in inketplak oer it lân te fersprieden, faak troch it iepenjen fan eigen winkels, mar geregeldwei ek troch it oernimmen fan besteande boekhannels, lykas de 22 winkels tellende keatling Bookstop, yn 1989. Dêrnjonken ferkocht Barnes & Noble ek boeken fia in eigen postoarderbedriuw, en oan 'e ein fan 'e jierren tachtich al waard it ien fan 'e earste boekhannels dy't mei in eigen webside boeken oer it ynternet ferkochten.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in rige fúzjes en bankrotten dy't fan 'e njoggentiger jierren ôf yn 'e Amerikaanske boekhannelsbrâns plakfûnen, is Barnes & Noble no de lêste nasjonale boekhannelkeatling fan 'e Feriene Steaten. It bedriuw stiet bekend om syn grutte, romme en goed ferljochte superwinkels, dêr't gauris in kafee of in Starbucks-kofjesaak by yn sit. By de measte Barnes & Noble-filialen kin men net inkeld boeken krije, mar ek tydskriften, kranten, film-dvd's, stripboeken, grafyske romans, e-boeken, audioboeken, boerdspultsjes, muzyk-cd's en dvd's, e-readers en lytse tabletkompjûters. Foarhinne ferkocht men ek fideospultsjes, oant de difyzje GameStop yn oktober 2004 ta in selsstannich bedriuw makke waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.